Willibrord Frequin is dea

maaie 26, 2022 20:42
Willibrord Frequin (foto: Paul J.H. Groeneveld, CC BY 3.0)

Telefyzjepresintator en sjoernalist Willibrord Frequin is dea. Neffens syn famylje is er stoarn oan de sykte fan Parkinson.

Frequin waard bekend yn de jierren santich, doe’t er as ferslachjouwer foar de KRO in protte bûtenlânreportaazjes makke. Hy foel doe al op trochdat er him net tebekhold. Sa wie er de iennichste dy’t prins Bernhard frege hoe’t it no krekt siet mei Lockheed – in Amerikaansk fleanmasinebouwersbedriuw dêr’t de prins him troch omkeapje litten hie. Yn 1989 krige Frequin dien by de KRO, dy’t him derfan beskuldige dat in reportaazje oer it hanneljen yn lichemsdielen mar sabeare wie.

Dêrnei wurke Frequin foar ferskate kommersjele omroppen en skreau er yn it blêd Panorama. Syn agressive manier fan fragen stellen en it neirinnen fan minsken waarden syn hannelsmerk. Ferline jier die bliken dat er in slimme foarm fan de sykte fan Parkinson hie en dat er it net lang mear meitsje soe. Yn dy tiid kaam ek it boek Willibrord Frequin, verlegen vlegel oer syn libben út, skreaun troch syn eardere kollega Fons de Poel. Willibrord Frequin is tachtich jier âld wurden.

maaie 26, 2022 20:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.