‘We hewwe’m’; stedsfilm Starum opdûkt
Resint ferskynd
Nei jierren fan sykjen is it safier: de Oranjefilm fan Starum (1952) is boppe wetter. De film, dy’t nei alle gedachten makke waard yn opdracht fan de Oranjeferiening, is offisjeel in echte ‘Adolfsfilm’. Johan Adolfs wie in sakeman dy’t tusken 1948 en 1970 sa’n 1500 films yn Nederlân produsearre. Goed 150 dêrfan binne yn Fryslân opnommen. Hy hie ferskate kameraminsken yn tsjinst, dy’t op moaie simmerdagen nei doarpen teagen en dêr oan ’e hân fan in fêst stramyn it libben op ’e dyk en yn ’e buorren filmen. Letter waard sa’n film dan yn it doarp fertoand.

Jellie Albada (1928-2021), mem fan Klaas Zwaan
It bestean fan Dé Staverske film wie bekend. It Frysk Film- en Audioargyf hie wol in fideokopy yn besit, mar de orizjinele 8mm-film wie poater. Speurwurk yn it argyf fan de eardere gemeente Starum, yn âlde notulen fan ferieningen, petearen mei âld-bestjoersleden smieten neat op. Oant 16 desimber 2021. Doe spruts Inke Bakker Klaas Zwaan oan: “Do sochst toch un film? Nou, ik loof dat ik ’m hè.” Efkes letter liet er de filmdoaze mei spoel sjen. Zwaan, frijwiliger by it filmargyf, wie efkes stil. Hy hie jierren om de film socht.

Boarne: Frysk Film- en Audioargyf
Inke Bakker soe ferhúzje en yn in doaze mei (fakânsje)films, dy’t heit Pieter makke hie, lei de gruttere film. Alles doogde: spoel, filmformaat, lingte. Lykwols, der wie mar ien spoel, wylst der normaalwei twa hearre te wêzen. De filmtafel by it filmargyf brocht wissichheid. It wie de Staverske Adolfsfilm en alle fêste ûnderwerpen stiene derop. De brânwacht rydt út by De Cachot en giet yn sân hasten nei Ut Sylperk, it libben op ’e dyk tusken Hellingspaad 26 en Skâns 5 komt wiidweidich yn byld, en fierder alle bekende Adolfs-yngrediïnten: gemeentehûs, skoallen, bedriuwichheid, markante bewenners en in slotstik mei in defilee fan alle sportferieningen. Wat de Staverske film ekstra bysûnder makket, binne de bylden fan de bedriuwichheid yn ferbân mei de fiskerij, lykas de fiskôfslach.
Nei alle gedachten hat Pieter Bakker, de heit fan Inke en fertsjinstlik bestjoerder by ûnder oare de Oranjeferiening, de VVV en de Fiskerijdagen, de film kopiearje litten nei fideo en wie it orizjineel tusken al syn oare films opburgen. Filmprojeksje wie efterhelle, in fideobân wie ommers folle makliker en foaral: moderner.

Boarne: Frysk Film- en Audioargyf
Gewoanwei wurde de films fan Johan Adolfs ‘doarpsfilms’ neamd. Hy socht allinnich kontakt mei kearnen mei mear as 700 en yn elts gefal minder as 10.000 ynwenners. Dan wie der sprake fan in sterk mienskipsgefoel, tocht er, en dat wie in wichtige betingst foar in suksesfolle fertoaning mei foldwaande ynkomsten. Boppedat wie it fan belang dat sa folle mooglik ynwenners yn byld kamen, want wa sol himsels net weromsjen op it wite doek? Adolfs ferkocht de films faak oan in pleatslike feriening, dy’t de oanskafkosten weromfertsjinne troch filmjûnen te organisearjen. No is it wurd ‘doarp’ foar in echte Starumer slimmer as flokken yn tsjerke. Dêrom dat yn dit gefal fan in ‘stedsfilm’ praat wurdt, sa’t dy ek makke binne fan Drylts, Sleat, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum (Ljouwert en Snits telden mear as 10.000 ynwenners).
In fynst as de Starumer stedsfilm bewiist nochris dat oeral noch ferburgen skatten lizze kinne dy’t grif fan belang binne foar argiven en musea.

Boarne: Frysk Film- en Audioargyf
De Starumer stedsfilm is te sjen op it YouTube-kanaal fan it Frysk Film- en Audioargyf: https://youtu.be/-RLmP3yDz60.
Sjoch foar mear ynformaasje en bylden út de film op de webside fan it Frysk Film- en Audioargyf: https://friesfilmarchief.nl/nieuws.
Besjoch de film:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje