Waarpraatsje: Woansdei wer sinne

maaie 3, 2022 19:14

It Hearrenfean. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Dagen mei sinne en dagen mei bewolking wikselje inoar op it stuit ôf. Tiisdei wie it skier, mar woansdei lit de sinne him wer sjen.

Tiisdeitenacht binne der flinke opklearringen en op guon plakken soe damp ûntstean kinne. De wyn is swak en komt út ferskillende rjochtingen. De temperatuer komt hiel ticht by it friespunt.

Woansdei skynt de sinne flink, mar der is wol (wat) hege bewolking en letter op ‘e dei soe der ek wat bewolking oerdriuwe kinne. De swakke wyn út ferskillende rjochtingen giet yn ‘e middei nei it noardwesten. It wurdt tusken 10 en 14 graden.

Fan tongersdei ôf wurdt it wat mylder.

Jan Brinksma

maaie 3, 2022 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.