Waarpraatsje: Waarmer
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Fan sneon ôf krije wy in skoft mei simmerwaar. De temperatuer komt tusken 20 en 25 graden te lizzen. It sil wol ûnstabiler wurde.
Freedtenacht is der wat hege bewolking en op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne. By in swakke oant matige westewyn wurdt it 7 graden.
Sneon en snein wikselje hingelwolken en sinne inoar ôf. Sneon komt de swakke oant matige wyn út it noardwesten en snein út it easten. Mei in temperatuer tusken 18 en 23 graden is it hiel noflik maitiidswaar.
Moandei nimt de kâns op in rein- of tongerbui ta. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it goed 20 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje