Waarpraatsje: Tiisdei mear bewolking
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in strieljende moandei sjocht it waar der foar tiisdei minder goed út.
Moandeitenacht is it earst noch helder, mar letter rekket de loft berûn. De swakke wyn komt út ferskillende rjochtingen en it wurdt 4 graden.
Tiisdei is it earst in hiel skoft skier en der soe sels in bytsje reinwetter falle kinne. Yn ‘e rin fan ‘e dei sil it, nei alle gedachten, wat opklearje. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it net folle waarmer as 12 graden.
Fan woansdei ôf wurdt it wer wat mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje