Waarpraatsje: Tiisdei mear bewolking
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in strieljende en mei in graad as 20, waarme maitiidsdei. Tiisdei is der mear bewolking, mar it is noch wol noflik.
Moandeitenacht is der hege bewolking. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt 9 graden.
Tiisdei is it oan ’e skiere kant, mar de sinne sil sa út en troch wol te sjen wêze. De wyn komt earst út it suden oant súdwesten en is matich, mar by de kust lâns frij krêftich. Yn ’e middei giet de wyn nei it westen oant súdwesten. De temperatuer leit tusken 18 en 23 graden. Letter op ’e dei kin it in stik frisser wurde.
Fan woansdei ôf wurdt it foarearst (krekt) gjin 20 graden mear.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje