Waarpraatsje: Sinne en bewolking
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Sinne en bewolking bepale it waarbyld foar freed en it wykein.
Tongersdeitenacht is de loft berûn en op guon plakken soe it dampich wurde kinne. By in swakke wyn út ferskillende rjochtingen wurdt it 7 graden.
Freed is it earst skier, mar geandewei komt de sinne derby. Der binne letter wol wat hingelwolken. De wyn komt út it westen en is swak oant matich. Mei in temperatuer tusken 15 en 20 graden is it noflik matiidswaar.
Yn it wykein wikselje bewolking en sinne inoar ôf en op sneon is in bui(ke) net hielendal útsletten. By in swakke noarde- oant noardeastewyn sil it in graad of 16 wurde.
Takomme wike wurdt it waarmer. De kâns is grut dat de temperatuer boppe de 20 graden komt.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje