Waarpraatsje: Simmer fier fuort
Resint ferskynd

Foto ©Jan Brinksma
DE JOUWER – De simmer is foarearst fier fuort, mar de feehâlders, bouboeren en gerniers binne wiis mei de delslach fan ‘e lêste dagen. It bliuwt noch in hiel skoft fris foar de tiid fan it jier.
Woansdeitenacht kin it wat reine en de weste- oant súdwestewyn wurdt swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It is in graad of 10.
Op Himelfeartsdei wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf en yn ’e rin fan ’e dei kin it sa út en troch wat reine. De wyn komt út it westen en is matich, mar by de kust lâns boazet de wyn letter oan en sil er frij krêftich oant krêftich wurde. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.
Freed feroaret der hast neat oan it wat ritige waar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje