Waarpraatsje: Oanhâldend drûch
Resint ferskynd

Aldehaske. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It is al in hiel skoft drûch en skraal maitiidswaar en in soad delslach wurdt foarearst ek net ferwachte.
Woansdeitenacht is de loft berûn en by in swakke noardwestewyn wurdt it in graad of 6.
Tongersdei is it earst skier, mar letter op ‘e dei sil de sinne grif noch wol te sjen wêze. De swakke oant matige wyn komt út it noardwesten en de temperatuer leit tusken 11 en 14 graden.
Freed feroaret der net in soad, mar it wurdt dan wol wat mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje