Waarpraatsje: Noflik maitiidswaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei it reinwetter fan woansdeitejûn wie it tongersdei wer kreas waar mei sinne, bewolking en wyn. Freed feroaret der net folle.
Tongersdeitenacht is it oan ‘e skiere kant en in buike is net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 9 graden.
Freed binne der in soad hingelwolken en der kin in bui falle, mar yn ‘e middei komt de sinne der goed by. De wyn komt út it westen. By de kust lâns stiet in frij krêftige súdwestewyn. De temperatuer leit tusken 14 en 17 graden.
Yn it wykein wurdt it waarmer en takomme wike is it simmer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje