Waarpraatsje: Net folle feroaring

maaie 11, 2022 18:57

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere dei, mar tongersdei sille wy de sinne grif wol wer sjen.

Woansdeitejûn kin it op guon plakken wat reine, mar woansdeitenacht wurdt it wer drûch en letter klearret it op. De westewyn is matich, mar by de kust lâns  en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht jout de wyn him wat del. It wurdt 8 graden.

Tongersdei skynt de sinne earst flink, mar letter komme der ek hingewolken en is der kâns op hege bewolking. De wyn komt út it westen oant súdwesten en wurdt geandewei de dei matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit tusken 14 en 17 graden.

Freed feroaret der hast neat oan it waar.

Jan Brinksma

maaie 11, 2022 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.