Waarpraatsje: Maitiidskuolte

maaie 26, 2022 19:22

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in frisse Himelfeartsdei dy’t ek oan ‘e skiere kant wie mar, wol, sa goed as, drûch bleau. Waarm wurdt it foarearst net.

Tongersdeitejûn en yn ‘e nacht kin is sa út en troch wat reine, mar letter binne der ek opklearringen. De wyn giet stadichoan fan it súdwesten nei it westen oant noardwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 9 graden.

Freed skynt de sinne geregeld, mar it sil net folle waarmer wurde as in graad as 15. De weste- oant noardwestewyn boazet oan en wurdt letter frij krêftich en yn it Waadgebiet krêftich.

Yn it wykein feroaret der net folle, mar de temperatuer hâldt net oer. Wy helje de 15 graden net iens.

Jan Brinksma

maaie 26, 2022 19:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.