Waarpraatsje: Kreas maitiidswaar

maaie 10, 2022 19:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in noflike mar skiere dei en it bleau ek net oeral hielendal drûch. It is no wer in pear dagen wat frisser.

Tiisdeitenacht wikselje bewolking en in pear opklearringen inoar ôf. De súdwestewyn is swak, mar by de kust lâns matich. It wurdt in graad of 10.

Woansdei sil it oan ‘e skiere kant bliuwe, mar miskien sjogge wy de sinne dochs noch wol efkes. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit tusken 15 en 19 graden.

Tongersdei feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

maaie 10, 2022 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.