Waarpraatsje: Kâns op (tonger)buien

maaie 18, 2022 19:36

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei alwer in drûge en noflike maitiidsdei nimt de kâns op in tongerbui no flink ta.

Woansdeitenacht is it earst helder, mar yn ’e rin fan ‘e nacht rekket de loft berûn. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 13 graden.

Tongersdei falle der rûnom in pear (tonger)buien, miskien wol mei wynpûsten, mar letter sil de sinne grif ek noch wol te sjen wêze. Yn ’e middei is der op guon plakken wer kâns op in (tonger)bui. De swakke oant matige wyn giet fan it westen nei it noardwesten en dêrom sil it yn ’e middei ôfkuolje, mar yn ’e moarntiid en oan it begjin fan ’e middei kin it 20 oant 24 graden wurde.

Freed liket in skiere en wiete dei te wurden.

Jan Brinksma

maaie 18, 2022 19:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.