Waarpraatsje: Kâlde nacht
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel noflik wykein sjocht it waar der foar ‘e nije wike ek poerbêst út.
Sneintenacht is it helder en by in swakke eastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.
Moandei skynt de sinne hast de hiele dei, mar yn ‘e rin fan ‘e middei komt der wol wat hege bewolking. De wyn komt út it suden en is swak. De temperatuer leit tusken 18 en 23 graden.
Tiisdei wurdt it ek waarm, mar fan woansdei ôf sil it wer wat frisser wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje