Waarpraatsje: Kâld wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in frisse mar, sa goed as, drûge freed krije wy in kâld wykein. In soad delslach wurdt net ferwachte.
Freedtenacht binne der opklearringen, mar der kin op guon plakken wol in bui falle. De weste- oant noardwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 9 graden.
Sneon wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf en der is wer kâns op in bui. De wyn komt út it noardwesten en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in frij krêftige oant krêftige wyn. It wurdt net waarmer as 13 graden.
Snein liket it waar bot op dat fan sneon. Sinne, bewolking en in lokale bui mei in meast matige noardwestewyn dogge net oan ’e simmer tinken. Mei 13 graden is it te kâld foar de tiid fan it jier.
Takomme wike sil de temperatuer lang om let wer omheech gean. Hiel stabyl sil it noch net wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje