Waarpraatsje: Gewoan maitiidswaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in brodzige moandei sette it oan ‘e ein fan ‘e middei lang om let op in reinen. Wy krije no in rite mei hiel gewoan maitiidswaar.
Moandeitejûn reint it earst noch in skoft en yn ‘e nacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der kin noch wol in bui falle. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 12 graden.
Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar der falle ek in pear buien. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Mei 17 graden is it oan ’e frisse kant.
Letter yn ’e wike sil it drûger wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje