Waarpraatsje: Freed wiet
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in dei mei rûnom yn Fryslân flinke buien mei tonger, bliuwt it ek freed net drûch.
Tongersdeitenacht is it helder en op guon plakken kin damp ûntstean. De wyn komt út ferskillende rjochtingen, mar in soad wyn stiet der net. It wurdt in graad of 8.
Freed skynt de sinne earst geregeld, mar geandewei nimt de bewolking ta en set it op in reinen. De kâns op tongerbuien is yn Fryslân minder grut as yn it suden fan Nederlân. Dêr falt ek de measte delslach. De swakke eastewyn giet yn ’e rin fan ‘e middei nei it noardwesten en boazet by de kust lâns oan. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.
Yn it wykein bliuwt it drûch en it sil in graad of 20 wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje