Waarpraatsje: Drûch wykein
Resint ferskynd

Aldeouwer. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei twa dagen mei flinke buien en op guon plakken hiel wat wetter krije wy in drûch wykein.
Freedtenacht is de loft berûn en der soe noch in buike falle kinne. De wyn giet nei it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad of 11.
Sneon skynt de sinne geregeld en it bliuwt, nei alle gedachten, drûch. De wyn komt út it westen en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet earst noch wat mear wyn. Mei 17 graden is it wat minder waarm as de lêste dagen.
Snein feroaret it waar net bot. Sinne en bewolking wikselje inoar ôf en by in matige sudewyn wurdt it mei in graad of 20 wat waarmer.
Takomme wike is it ritich en it wurdt op ’e measte dagen (krekt) gjin 20 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje