Utrikking Libris Literatuerpriis by ‘Nieuwsuur’
Resint ferskynd
Op moandeitejûn 9 maaie makket sjueryfoarsitter Ahmed Aboutaleb, boargemaster fan Rotterdam, yn Nieuwsuur (NOS/NTR) de winner fan de Libris Literatuerpriis 2022 buorkundich. Dat bart streekrjocht út Felix Meritis yn Amsterdam wei.

Boarne: NTR
De nominearre skriuwers komme earst oan it wurd yn in rapportaazje. Dêrnei skeakelet Nieuwsuur streekrocht oer nei it bekendmeitsjen fan de winner. Oan ’e ein fan de útstjoering praat presintator Jeroen Wollaars yn de studio yn Hilversum mei de winner.
De nominearren fan 2022:
Nico Dros – Willem die Madoc maakte
Mariken Heitman – Wormmaan
Auke Hulst – De Mitsukoshi Troostbaby Company
Deniz Kuypers – De atlas van overal
Renée van Marissing – Onze kinderen
Lisa Weeda – Aleksandra
De winner ûntfangt 50.000 euro. Ferline jier wûn Jeroen Brouwers de Libris Literatuerpriis foar Cliënt E. Busken.
Nieuwsuur (NOS/NTR)
Moandei 9 maaie 2022, 21.30 oere op NPO 2
Presintaasje: Jeroen Wollaars
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje