Utjouwerij Regaad bringt Netflix-hit yn it Frysk
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0

Yllustraasje: Nina Peckelsen (boarne: Regaad)
Op freedtemiddei 13 maaie presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Nancy Springer’s berneboek Enola Holmes: De saak fan de fermiste markys. Neist dat it boek ferneamd is troch de ûnder bern tige populêre Netflix-ferfilming, is it foar Regaad de alderearste kear dat dy in oersetting útbringt dy’t noch net yn it Nederlânsk ferskynd is. De Fryske oersetting is fan Tryntsje van der Steege, de rike yllustraasjes binne fan de hân fan Nina Peckelsen.
Hoewol’t de presintaasje sels yn ’e geast fan it boek noch mei de nedige riedsels omklaaid is, is al wol dúdlik dat belangstellenden mear as wolkom binne én it ek tige gaadlik is foar bern. Eltsenien kin him tusken 15.45 en 16.00 melde by OBE op it Aldehoustertsjerkhôf. Graach wol yn it foar efkes oanmelde fia ynfo@regaad.nl.
Barren: soarte fan boekpresintaasje Enola Holmes
Organisator: Utjouwerij Regaad (www.regaad.nl, ynfo@regaad.nl, 06-25427548)
Datum: freed 13 maaie 2022
Tiid 15:45-18:30 oere (ynrin: 15:45 oere)
Plak: OBE op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert
Tagong: fergees, oanmelde fóár 9 maaie
Moai inisjatyf fan Regaad.