Twa deaden troch fallende iisblokken yn Switserske Alpen
Resint ferskynd

Grand Combin yn Switserlân (foto: pixabay.com)
Twa berchbeklimmers binne omkommen yn de Switserske Alpen troch fallende iisblokken. Njoggen oaren binne ferwûne rekke.
It ûngelok barde op it Grand Combin-berchmassyf yn it súdwesten fan Switserlân. De plysje waard freedtemoarn efkes nei 6.00 oere alarmearre. Santjin minsken wiene yn ferskate groepen yn it gebiet oan it klimmen doe’t op 3400 meter hichte iisblokken ôfbrutsen en op de klimmers foelen. In fjirtichjierrige Frânske frou en in 65-jierrige Spanjert ferstoaren op it plak sels.
Njoggen ferwûne minsken waarden nei sikehuzen yn Sion en Lausanne brocht. Twa fan harren binne slim ferwûne, melde de plysje. By de rêdingsoperaasje waarden sân helikopters ynset.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje