Tresoar organisearret ynternasjonale wittenskiplike konferinsje oer tinksportkolleksjes

maaie 6, 2022 09:44

Fan moandei 16 maaie o/m freed 20 maaie organisearret Tresoar ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC): in ynternasjonale konferinsje foar wittenskippers en praktykminsken út in protte fakgebieten en dissiplines, dy’t elk jier yn in oar lân holden wurdt. By de BGSC wurde spulstúdzjes út mear as ien perspektyf wei besjoen en wurdt ek sjoen nei tinksporten fan eartiids en no. It tema fan de konferinsje dit jier is Ludus in Academia (it spul yn akademyske setting).

Boarne: Tresoar

It doel is om de grutte tinksportkolleksje dy’t Tresoar beheart nasjonaal en ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen en it brûken derfan te befoarderjen foar maatskiplike en wittenskiplike doelen. Tresoar wol de gearwurking mei organisaasjes dy’t belangrike tinksportkolleksjes beheare ek fergrutsje.

BGSC-programma
Yn ferskillende online en live lêzingen wurde tinksporten út ferskillende perspektiven (wiskundich, psychologysk, sosjaal, archeologysk) wei beljochte. De BGSC-dielnimmers geane op ekskurzje nei de akademystêd Frjentsjer dêr’t se in besite bringe oan Museum Martena, it Planetarium en de Martinitsjerke. Se meitsje ek in akademyske stedskuier. Boppedat wurde se op it Provinsjehûs offisjeel ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes.

Publykslêzingen op 17 maaie
Tresoar hat de ambysje om yn de takomst foar it bredere publyk dat ynteressearre is yn tinksporten en selskipsspullen aktiviteiten te organisearjen ûnder de namme ‘Denksportdagen Tresoar’. Mei it each dêrop wurde op tiisdeitejûn 17 maaie yn Rijksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân yn Ljouwert in twatal publykslêzingen oer tinksporten organisearre. De sprekkers binne Arjen Dijkstra (direkteur fan it Universiteitsmuseum Groningen) en Hans van der Heijde (Nederlânsk politikolooch, auteur en bridgesjoernalist). Studinten en tinksportleafhawwers binne fan herte wolkom. Mear ynformaasje oer dy lêzingen, dy’t yn it Ingelsk holden wurde, en de opjefte (foar 13 maaie) is te finen op de webside fan Tresoar.

Denksportcollectiecentrum Tresoar
Yn Nederlân en ek yn Fryslân is fan âlds in soad omtinken foar it beoefenjen fan tinksporten en foar kolleksjes op dat mêd. Tresoar is yn 2018 fan start gien mei it ynrjochtsjen fan in nij kennissintrum: it Denksportcollectiecentrum Tresoar. De fjouwer tinksporten skake, bridge, go en damje (mei dêrûnder ek Frysk damjen) stean dêryn sintraal. De biblioteekkolleksjes fan it Denksportcollectiecentrum en de argiven binne ûnderbrocht yn de ‘Denksportcollectie Nederland, Tresoar’.

Tresoar hat de skaakkolleksje fan Haije Kramer yn ’e hûs, krekt as de damkolleksje fan Geert Bosma. Binnen it lanlik netwurk fan Openbare Bibliotheken mei wittenskiplike stipefunksje, de Plusbibliotheken, fertsjinwurdiget Tresoar al in pear jier it swiertepunt Denksporten. Yn dat ramt is de skaakkolleksje fan de Atheneum-bibliotheek Deventer nei Ljouwert ferhuze.

Yn 2017 is de Bridgekolleksje fan de UB Amsterdam oan Tresoar oerdroegen. Troch de akwisysje fan de kolleksje, byinoar brocht troch bridgesamlers Jac Fuchs en Bob van de Velde, beskikt Tresoar oer de op ien nei grutste iepenbiere bridgekolleksje op ’e wrâld (nei de Victoria State Library yn Melbourne, Australië).

Neist boeken en tydskriften beheart Tresoar ek argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten. Eardere KB-kolleksjes, nammentlik de skaakargiven fan Niemeijer en Palamedes, it damargyf De Jong en it FIDE-argyf (1949-1998), binne yn Tresoar ûnderbrocht (dat materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Yn 2020 binne argyf en biblioteek fan de Nederlandse Go Bond en fan de European Go Federation fan it eardere European Go Cultural Centre (EGCC) yn Amsterdam nei Tresoar ferhuze (ek noch net te rieplachtsjen).

maaie 6, 2022 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.