Toeristebelesting Fryslân giet yn 2022 mei 9,5% omheech

maaie 1, 2022 08:32

Foar in oernachting yn in Frysk hotel betellet men dit jier 9,5% mear toeristebelesting as ferline jier. Dêrmei gie fan alle Nederlânske provinsjes yn Fryslân it taryf it meast omheech. Yn trochsneed bedracht toeristebelesting dit jier € 1,85 de persoan de nacht. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan Bungalowparkoverzicht.nl nei toeristebelesting.

Bungalowpark by Orvelte, Drinte (foto: pixabay)

It Hearrenfean spant de kroan
Yn acht fan de achttjin Fryske gemeenten is dit jier in ferheging trochfierd yn it taryf foar de toeristebelesting neffens 2021. Yn gemeente It Hearrenfean hawwe toeristen te krijen mei de grutste ferheging: fan € 1 nei € 2,35 de persoan de nacht (+135%). It Hearrenfeanske taryf naam dêrmei, op it Noard-Hollânske Uithoorn nei, it meast fan alle Nederlânske gemeenten ta.

Weststellingwerf stiet lykwols boppe-oan de list fan djoerste gemeenten yn Fryslân: de hichte fan de toeristebelesting is dêr € 4,74. Waadhoeke en Smellingerlân binne de iennige Fryske gemeenten dêr’t dit jier gjin toeristebelesting ynbard wurdt. Yn Dantumadiel wurdt it leechste bedrach fan in toerist frege (€ 1). Achtkarspelen fierde dit jier foar it earst toeristebelesting yn en rekkenet in taryf fan € 1,50.

Relatyf lege toeristebelesting yn Fryslân
Nettsjinsteande dat de toeristebelesting yn Fryslân dit jier hurder omheech gie as de lanlike trochsneed fan 5,2%, binne toeristen der relatyf net folle jild oan kwyt. Yn hiel Nederlân leit de trochsneed nammentlik achttjin sint heger. Yn Noard-Hollânske gemeenten wurdt it heechste taryf rekkene. Toeristen betelje dêr trochinoar € 2,95 de persoan de nacht. Yn Amsterdam leit dat bedrach sels op € 11,29.

Benijd nei de hichte fan de toeristebelesting yn jo gemeente of fan jo fakânsjebestimming? Sjoch dan op www.bungalowparkoverzicht.nl/nieuws/toeristenbelasting-2022.

Undersyksferantwurding
Bungalowparkoverzicht.nl docht in jierliks ûndersyk nei de toeristebelesting yn Nederlân. De gegevens binne op basis fan gemeentlike en (desintrale) oerheidswebsiden mei de hân sammele en oanfolle mei fan sifers fan it CBS.

By de gemeenten dy’t in persintaazje fan de oernachtingspriis hantearren yn stee fan in fêst bedrach, is útgien fan in trochsneed oernachtingspriis. Dy wurdt alle jierren fêststeld op basis fan de konsumintepriisyndeks foar akkommodaasjes fan it CBS. Dêrtroch kinne de gemeentlike en trochsneedtariven fan 2022 licht ôfwike fan 2021.

maaie 1, 2022 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.