Tink om ’e hûn! (ferhaal)

maaie 28, 2022 07:00

Op in jûn om in oere of tsien rint Ilse Spyksma mei in hûn de Boskleane del. Se past in pear wike op Nero, in Deenske dogge, en op noch wat bistespul fan Aris en Aly Leegstra, har buorlju. Dy binne fjirtjin dagen mei de karavan troch Dútslân. Yn ’e hûs stiet noch in koai mei twa marmotten, Anker en Anker, en in kom mei Bill Gates, de goudfisk, deryn. Aris hat efterhûs noch in fiver mei in stik of fiif koikarpers, dy’t Ilse ek op ’e noed hat. Aris en Aly kinne sûnder soargen op reis gean, Ilse rêdt mei de brot. As se werom komt fluitet se Nero om him de riem wer om te dwaan. Mar al wa’t komt, Nero net. Se ropt en fluitet dat it docht mar it bist jout gjin azem.

Ilse is wer by hûs oankommen en rint it hiem op. Hy sil sa wol komme, praat se harsels gerêst. Se lit de efterdoar iepenstean. Nei sa’n tsien minuten wurdt se dochs wat ûngeduerich. “Wêr bliuwst no, stom bist”, fûteret se yn harsels. As se yn ’e skimer efter op ’e tún stiet, heart se wat yn it strewiel tusken har hiem en dat fan Aris en Aly. Se bûcht har wat foaroer om better te sjen en op dat stuit stoot Nero út ’e struken wei en sjit as in spear har tún yn. Se skrikt wol efkes, mar is gerêst dat de hûn werom is. “Hjir Nero, kom ris by ’t wyfke.” Dan sjocht se dat er wat yn ’e bek hat. “Hjir, rothûn.” Ilse hat har nocht. Se moat de oare bisten ek noch fuorje. Se skrikt har in pûst as Nero op har ta komt mei in karper dwers yn ’e bek.

Yn in momint fan fertwiveling slacht se de hannen foar de eagen. Nero wol oars net as boartsje en giselet as in wyntwirre om har hinne, de koikarper as in oarlochsbút stiif tusken de kaken. Op ’t lêst kriget se de hûn te pakken en besiket de karper sa foarsichtich mooglik tusken Nero de tosken wei te tyskjen. Efkes letter stiet se mei de skansearre fisk fan sa’n foech 1500 euro yn it ljocht fan de bûtendoarlampe. Kroandea. Nero sit, de kop skeef, nei har te sjen as woe er sizze: “asto him fuortgoaist, helje ik him wer op.” Ilse is efkes yn panyk. Se jaget de hûn lulk yn syn hok en nimt de fisk mei yn ’e hûs. Se spielt de modder fan de fisk ôf en leit him op ’e tafel. Dit wiist mâl! Moarn komme se wer thús en Aris hat har noch sa op it hert lein om de hûn by de karpers wei te hâlden.

De fisk leit, goargrizich ferkleure, har mei in wiid iepen bek oan te stoarjen, as woe er sizze: “wachtsje mar oan ’t moarn as Aris der wer is.” Ilse kin der net oer en leit de fisk yn ’e frieskiste. De nacht bringt allinne mar ûnrêst. Op it iene stuit stoareaget de karper har út it tsjuster wei oan en dan wer stiet Aris, ferklaaid as begraffenisboade, driigjend foar har mei in deade karper op in panne. Fyftjin hûndert euro en daliks betelje!

De oare moarns om seis oere is se der al ôf. De karper leit foar har op tafel. Se hat al by de fiver west om te sjen hokker kleuren oft dy bisten trochgeans hawwe. Om in oere as njoggen hellet se in pear buskes wetterfêste ferve by de  Gamma.

Om tolve oere leit der in prachtiche oranje-swartferve koikarper foar har. Ilse wrot har troch de konifearehage hinne en lit har op ’e knibbels by de fiver sakje. Se set de fisk, in eintsje ûnder it wetteroerflak, fêst tusken in pear stevige wetterplanten. Se skôget fan in ôfstânsje hoe as it liket. Se kin tefreden wêze. “Goai jo deade koikarpers net fuort, gun se in twadde libben! Folgje in kursus kreatyf mei karpers.” Se kin der no wer om gnize.

As Aly de oare moarns by har oer it hûs stiet mei in blomke foar it oppassen, spilet Ilse de ûnnoazele ûnskuld. “Och heden, nee hear, gjin drokte famke, en ik haw it mei nocht dien en doch de oare kear mei alle wille wer.”
Nei in wiidweidich ferslach fan harren fakânsje sil Aly wer op hûs oan. Se draait har by it stekje noch ien kear om. “Oh ja, dat soe ’k noch ferjitte, Aris fuorre fan ’e moarn betiid de karpers en ta syn ferbjustering ûntdiek er dat de karper dy’t er twa wike lyn dea út it wetter helle en efter yn ’e tún begroeven hie wer yn ’e fiver werom. Hy snapt der neat fan.” Ilse wol.

Inne Bilker

maaie 28, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.