Theun Wiersma (50PLUS) kiest foar de FNP

maaie 4, 2022 10:57

Foto 50PLUS

Theun Wiersma, de foaroanman fan 50PLUS yn Fryslân, makket de oerstap nei de FNP. Wiersma sit op dit stuit as ienmansfraksje yn de Fryske Steaten. Hy sil syn steatelidmaatskip foar 50PLUS dizze perioade dien meitsje, mar stelt him yn 2023 net opnij ferkiesber. Moandeitejûn hat Wiersma dat by 50PLUS te witten dien.

Wiersma: ‘De maatskippij feroaret en dêrmei de hjoeddeistige fraachstikken ek. Ik haw sûnt in goed jier op syk west hokker partij ik my op dit stuit better by thús fiel en hokker programma my oansprekt. Dat is de FNP en noch foar de gemeenteriedsferkiezingen bin ik lid wurden. In partij mei hert foar Fryslân en it gea. Ik bin in Fries, hikke en tein yn dizze moaie provinsje, en mei myn eftergrûn by it Fryske Gea fiel ik my dêr bot mei ferbûn.’

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP yn Provinsjale Steaten is wiis mei de komst fan Wiersma: “As ienpitter yn de Steaten is Theun altyd oanwêzich yn it debat. Wy seagen al in skoft dat Wiersma mei syn opfettingen ticht by ús stiet.”

Oant de ferkiezingen fan maart 2023 bliuwe beide fraksjes apart faninoar bestean yn de Steaten fan Fryslân. Wiersma: “It mandaat en lûd fan de 50PLUS-kiezer draach ik oant maart oar jier út. Dat docht ek rjocht oan de kiezers dy’t yn 2019 op my stimd hawwe.”

Knol: “De gearwurking sil fansels noch yntinsiver wurde, mar dy wie ek al hiel goed. De lêste moannen seagen wy aloan mear minsken lid fan de FNP wurden, ek by oare partijen wei. Dêr binne wy wiis mei. Foar de kommende provinsjale ferkiezingen yn maart 2023 is Wiersma mooglik ek in gadingmakker foar in plakje op de FNP-list. Mar dêroer sille de leden beslute, krekt sa’t dat foar alle kandidaten it gefal is.”

 

 

maaie 4, 2022 10:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.