“Taal” blykt by Omrop Fryslân “Nederlânsk” te betsjutten

maaie 28, 2022 20:07

Omrop Fryslân hat de ôfrûne tiid faker krityk krigen omdat de Omrop it Nederlânsk in hieltyd grutter plak jout: op de website, yn de nije app en op Twitter. In berjocht fan in pear dagen lyn is út Frysk eachweid tige nuver, want de Omrop docht krekt as soe Fryslân net twatalich wêze. Dat past fansels al by it notiidske taalbelied fan de Fryske Omrop.

It berjocht hjit “Taalles foar Oekraynske flechtlingen: “De getallen binne it dreechst””. It is yn it Frysk en stiet op it webstee fan Omrop Fryslân, mar taalles betsjut der “Nederlânske les”. De drege getallen binne een, twee, drie ensfh. en net ien, twa, trije of it Oekraynske odyn, dva, try.

Yn it artikel komme ferskate minsken oan it wurd, yn it Nederlânsk en Frysk. Hja hawwe it oer “klanken dy’t lestich binne”, “hy pakt de taal al gau op”, Oekraïners dy’t sels “taalles” woene. Pas hielendal achteroan yn it stik ûntdekt de lêzer dat it allegear oer it Hollânsk giet.

Dat jout wol oan dat foar Omrop Fryslân it Frysk net mear de taal fan Fryslân is en ek net ien fan de twa talen, mar dat se by de Omrop by taal automatysk oan de Nederlânske taal tinke.

It nuvere stik is hjir te finen.

maaie 28, 2022 20:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas Aaldert van der Veen maaie 29, 16:11

    Taalles foar flechtelingen der giet it Ryksregear oer it is nijs dat Oekrayners noch in taal d’r by leare, want in soad Oekrayners binne twatalich, Oekraynsk en Russysk. It Hollansk is hjir de steatstaal, dus is it logysk dat se dy leare. Se soene in ferkeard byld fan de taalferhalding yn Fryslan krije at se earst les yn it Frysk krigen. Omrop Fryslan docht allinich ferslach fan hoe de ferhalding is. Yn it Frysk , foar Frysktalichen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.