Sybren Singelsma: Ukraïne lid fan de EU? It dilemma foar Nederlân

maaie 30, 2022 19:50

Skôging

Nei myn stúdzje skiednis mocht ik as stazjêr in pear moanne omstappe yn it Berlaymont, it gebou fan de Europeeske Kommisje. It wie in pear moanne foar it lidmaatskip fan Grikelan. Dêr waard nochal wat op omstind, murk ik al gau. Ingelân, Ierlân en Denemarken wiene noch mar acht jier lid en no Grikelan, tsien lannen yn totaal, dat koe net goed gean. En dan noch in taal derby, en sa’n aparten noch wol. Nee, mannichien tocht dat de EEG tsjin syn grinzen oan rûn.

It lidmaatskip fan Ingelân kaam pas nei in fûle striid oer hoe’t de EEG der útsjen moast, kontinintaal Frânsk, of Atlantysk en mear Angelsaksysk. Nederlân woe it lêste en krige syn sin. Grikelân mocht talitten wurde om it foar altyd út de hannen fan de fassisten te hâlden. De steatsgreep fan de militêren wie noch mar 23 jier lyn.

Nei’t Franco en Caetano yn Spanje en Portugal demokratyske opfolgers krige hiene, koene dy lannen yn 1986 by de EEG komme, mei as doel om dy lannen te ferankerjen yn it Europeeske demokratyske systeem. Doe ek wiene der útdagingen om it ‘acquis communautaire’ – alle Europeeske wetjouwing – yn dy lannen ta te passen, mar dat is slagge. En dat wiene der tolve.

Sweden, Finlân en Eastenryk kamen der yn 1994 by. Dy woene har nei de ynstoarting fan it kommunisme sa fluch mooglik yn it Westen ferankerje. Dat wienen der fyftjin.

En doe kamen Poalen, Hongarije, de Baltyske Steaten, ja it hiele âlde East-Europa. It doel wie it histoaryske momint net te missen om dy lannen út de Russyske ynfloedssfear te heljen. Wer wie de geopolityk de haadsaak. Ik haw der ek op omstind. Ik wie ferantwurdlik foar it bouwen fan ús nije haadgebou, en al dy ekstra tolkekabines stiene net op de tekeningen! Mar it is allegearre wer oplost, om’t de polityk no ienris it wichtichste is. En no binne we mei 27.

Ik wol mar sizze dat alle útwreidingen fan de EEG, letter de EU, nommen binnen op grutte geopolitike grûnen. Net allinnich om’t se by de ynterne merk woene, of oan de miljeunoarmen foldwaan woene. Nee, dy lannen woene harren takomst feilich stelle en de lidsteaten fan de EEG/EU hawwe dy mooglikheid oangrepen om de groep fan frije demokratyske lannen duorsum út te wreidzjen.

Net dat alle nije lannen net harren húswurk dwaan moasten. As kandidaat-lid moatte se it ‘acquis communautaire’, in 30.000 siden wetsteksten omsette yn nasjonale wetten. Dat is dreech genôch, en der komt allinnich mar mear bij. It is in soarte fan trekkertrek mei wetsteksten.

En sa moatte we ek sjen nei de ambysje fan Ukraïne om lid te wurden. Net mei it yn gedachten bang wêzen foar te folle talen en kabines, lykas yn myn gefal, of oare praktyske beswieren, mar mei it beäntwurdzjen fan de echte fraach.

De echte fraach is oft we wolle dat in frij Ukraïne in ûnderdiel fan in frije demokratyske westerske en Europeeske mienskip wurdt, of dat in beset Ukraïne Ruslân sterker makket yn syn fijânskip nei ús ta.

Neist de kulturele en geopolitike arguminten binne der ek saaklike arguminten. Mei Ukraïne fersterkje we de oanfier fan nôt, fergrutsje we de ynterne merk, wurde we de grutste frije merk yn de wrâld ensafuorthinne. De fraach is ek net oft Ukraïne moarn lid wurdt, mar oft we dat yn de takomst mooglik achtsje.

Mar as dat lân ree is, sille wol ja of nee sizze moatte. Nederlân is ien fan de wichtichste lannen dy’t tsjinhâldt dat Ukraïne kandidaatlid wurde kin. Nei it referindum oer it Ukraynske assosjaasjeferdrach hat Rutte himsels klemset troch fêst te lizzen dat it assosjaasjeferdrach net ta kandidaatlidmaatskip laat. Hy is fan betinken dat er dêr net op weromkomme kin, oarloch of gjin oarloch.

Mar sa leit de wrâld der no net hinne. Nederlân sil dat debat hâlde moatte. Wy moatte bepale oft we it lidwurden fan Ukraïne stypje, ja of nee. Yn wêzen giet it net om de fraach fan 30.000 siden regeltsjes, mar om de grutte geopolitike fraach hokker plak Europa yn relaasje mei de oare wrâldmachten hawwe moat.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

maaie 30, 2022 19:50
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Cor Jousma maaie 31, 09:48

    [Nederlân sil dat debat hâlde moatte. Wy moatte bepale oft we it lidwurden fan Ukraïne stypje, ja of nee.]

    By it referindum wie ik foarstanner fan it op termyn lidwurden en as Ukraïne oan de betingsten foldwaan kin, dan binne dy minsken foar my no en yn ‘e takomst wolkom.

    Litte Thierry en Rutte earst de eigen demokrasy mar ris op oarder bringe…

  2. Sybren maaie 31, 17:48

    Yn it stik fan Abe word ik del set as de His Masters Voice fan Brussel.
    Gjin probleem, in Hurd debat mei ik wol oer. Mar it is net de kern fan myn stik, dy is dat Nederlan in realistysk debat fiere moat oer it plak fan Nederlan en Europa yn de Nijl geopolitieke ferhaldingen. En hwa as skuld hat oan de kriich? Ik wol it der wolris oer hawwe mei Abe

  3. Cor Jousma juny 1, 11:39

    Bêste Abe en Sybren,

    Ik haw jimme stikken yngreven lêzen.

    De oergong fan in “ienpartijestelsel” nei in echte demokrasy freget in soad tiid. Mar as der krêften yn in lân as Ukraïne binne dy’t soks graach wolle, dan soe de EU dy minsken helpe kinne/moatte.

    Ik haw it fansels net oer de mislearre demokrasyen fan de Erdogans,Trumpen of Bidens.

    Sweden en Finlân tinke no wat oars, mar jo kinne hielwol lid fan de EU wêze sûnder efter dy Amerikaanske NAFO oan te rinnen.

  4. Romke Kroandyk juny 2, 10:04

    Bin it alhiel iens mei Sybren syn ynstek.

  5. Abe juny 2, 11:39

    Moai dat jim allegear foar in Oekraïensk lidmaatskip fan de EU binne. Dêr skreau ik lykwols net oer. Myn stik is bedoeld om it iensidige anty-Russyske swart-wyt skema oan de kaak te stellen dat Singelsma brûkt om de oarloch yn Oekraïne op syn Brusselsk mei te framen. En de a-histoaryske geopolitike duvelbannerij dy’t dêr it gefolch fan is te bestriden. As it dan dochs oer sa’n EU-lidmaatskip gean moat: ik leau dat de EU al genôch lêst en lijen hat mei Poalen en Hongarije, en dat Servië, Bosnië-Herzegovina en Turkije earst komme – ás de EU dan dochs sa noadich útwreide wurde moat mei noch mear dubieuze kwasy-demokrasyen dy’t de Nederlânske belêstingbeteller aansen wer moai wat soerfertsjinne sinten kostje sille. No oer in Oekraïensk lidmaatskip stinne is inkeld foar de polityk-korrekte bühne dêr’t Singelsma kaartsjes foar ferkeapet. Lykwols: symboalpolityk hat net ien wat oan. Krekt net: mei mear fan sokke leden sil de EU inkeld mar ynleverje oan legitimiteit, betsjutting en slachfeardigens.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.