Sybren Singelsma: It wurdt neat mear mei Ruslân

maaie 24, 2022 17:47

Kollum

It grutste ryk dat ea op ierde bestien hat, wie it Mongoalske ryk fan Dzjenghis Kahn. Kahn wie tûk yn it feroverjen, mei in simpel resept.
Kaam er mei syn troepen foar in stêd, dan hiene de ynwenners de folgjende kar: of daliks oerjaan, of belegere wurde mei de garânsje dat, mochten se ferlieze, alle ynwenners, mar dan ek echt allegearre, troch Kahn útmoarde wurde soene.

It Mongoalske ryk is letter útinoar fallen en de hjoeddeiske Russyske federaasje nimt in stik fan dat plak yn. It liket derop dat it net allinnich it fysike plak ynnimt, mar dat it ek in oantal fan de metoaden fan Kahn oernommen hat. Wat yn Mariopoel en oare Ukraynske stêden bart, liket der in soad op. Totale ferneatiging.

En wêrom, freegje ik my ôf. As men dan sa graach feroverje wol, dan lit men dochs wat oer? Want it liket my sterk dat Pûtin in soad wurk meitsje sil fan de weropbou.

Dat er in taalminderheid beskermje wol, klinkt wol sympatyk. Mar hoewol’t ik my graach foar it Frysk drok meitsje, soe ik dochs net wolle dat Fryslân ferneatige waard om de taal te respektearjen. En sa tinke de Russysk pratende Ukrainers der leau ik ek oer.

Nee, dat is allegearre ôflieding. It giet om de geopolitike kontekst. Bedoelingen blike út de resultaten. Of dochs de resultaten dy’t men tocht hie te berikken.

Neffens earste minister Medvedev is de Russyske dream it behearskjen fan Eurazie, fan Lissabon ôf oan Vladivostok ta. Asjebleaft, de man hat it sels sein.

Dat Ukraine der noch jierren yn pún sketten by leit, ynteressearret dy mannen net. Wat telt is it nôt, de havens, it territoarium. De minsken kinne flechtsje om Europa te destabilisearjen, of se stjoere se nei Sibearie en fierder. Fan gjin belang.

Dat is de nije realiteit, en hoe geane wy dêr mei om?
Alle hannel mei Ruslân sil dat lân allinnich mar better yn steat stelle om ús te ferneatigjen. Op dit stuit liket in totale isolaasje dan ek it bêste dat we dwaan kinne en fierders ús definsje wer opbouwe.
Spitich, mar it is net oars.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

maaie 24, 2022 17:47
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Abe maaie 24, 18:28

    As sokke yn fiif minuten byinoar krabbele iendiminsjonale ûnsin ek foar ‘opiny’ fersliten wurde kin, wêrom sil ik my tenei noch drok meitsje om in fatsoenlik stik foar ItNijs te skriuwen?

  2. sybren maaie 24, 19:39

    As abe fiif siden ha wol kin hij dy ek krije, mar sil minder lezen wurde bin ik bang

  3. Martinus maaie 25, 18:20

    de ûnbekinde kollumskriuwer is net alhiel op de hichte. Medvedev is begelyks gjin earste minister mear. De situaasje yn de Ukraine is tige yngewikkeld. It hat in tige lange oanrin hân. Minstens 90 jier. Dan wol ik hjir ek graach it wurd oardiele, op syn Hollânsk ‘oordelen’, dat kinne je ek oersette mei oren delen as eardiele. Wol je in goed eardiel dwaan, moat je beide partijen oanhearre. En dan pas kin je sizze dat de saak tige yngewikkeld yninoar sit.

  4. Janke Walstra maaie 26, 20:07

    Hoesa, ûnbekende kollumskriuwer? Singelsma skriuwt al sûnt 2010 op It Nijs.
    Jo hawwe in nijsgjirrige útlis oer wurden mei ‘oor’. Is oorlog yn it Frysk earloch? En geoorloofd earlove of earleaud? Oorkonde = earkonde?

  5. Jent Jansma maaie 27, 08:28

    Guon tiden moatte jo útgean fan wat oanrjochte wurd en is en reden dêrefter interessant mar minder wichtig… Yn dat opsicht Abe, kin ik Sybren goed begripe.

  6. Tako de Jong maaie 29, 18:51

    Sybren, in moai stikje, hielendal mei dy iens, mar dat it Mongoalske ryk it grutste ea wie, is net wier. It Britske ryk wie grutter, sjoch de link:
    https://en.wikipedia.org/wiki/List_of_largest_empires
    Jout neat, mar we moatte wol feitlik bliuwe. Groetnis, Tako

  7. Sybren maaie 30, 08:48

    Tako, hast gelyk. It wie it grutste oaniensluten Ryk. https://steppenomaden.nl/het-mongoolse-rijk/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.