Subsydzje foar beskerming greidefûgelnêsten en -piken

maaie 3, 2022 10:28

Der is 50.000 euro beskikber foar de beskerming fan greidefûgelnêsten en piken dit jier. Grûneigeners en -brûkers kinne fan hjoed, 3 maaie, oant en mei 10 juny 2022 subsydzje oanfreegje.

De subsydzje is bedoeld foar it treffen fan beskermjende maatregels op perselen dêr’t in soad greidefûgelnêsten of piken binne. It giet om minimaal fiif nêsten fan de skries. Binne der njonken de skriezenêsten ek nêsten fan de tsjirk, wylp, fjildljurk, piipljurk, klút, wettersnip en hoants, dan kin dêr ek subsydzje foar oanfrege wurde. Foar in nêst kriget in grûneigener sechstich euro om beskermjende maatregels te treffen. Sa moat der yn totaal om in nêst hinne achthûndert kante meter grûn ûnbewurke bliuwe – dus net meane of oar agrarysk wurk – salang’t de pykjes noch oanwêzich binne.

Foto © Prov. Fryslân

Deputearre Douwe Hoogland: “Ferline jier hawwe ferskate lânboupartijen ús it Afsprakenkader Weidevogels Fryslân oerhannige. Yn dat ramt stiet hoe ’t de lânboupartijen ynfolling jaan wolle oan de soarchplicht foar greidefûgels. Yn oanrin nei de nij op te stellen subsydzjeregeling dêr’t wy dit jier mei oan ‘e slach sille, hawwe dizze organisaasjes ús frege om de subsydzjeregeling foar beskerming fan nêsten en piken op ‘e nij iepen te stellen. Dêr jouwe wy graach gehoar oan.”

De subsydzje kin oanfrege wurde troch grûneigeners of brûkers dy’t gjin oare subsydzje of fergoeding foar de beskerming fan greidefûgelnêsten en -piken lykas it agrarysk natuer en lânskipsbehear krije.

Nije subsydzjeregeling
Provinsjale Steaten stelde de Nota Greidefûgels 2021-2030 yn novimber ferline jier fêst. De ynstek fan it nije greidefûgelbelied is om de delgeande trend yn oantallen greidefûgels om te bûgen nei in opgeande line. Bygelyks troch it trochsetten fan it (agrarysk) natuerbehear en de kampanje Grutsk op ús Greidefûgels, it kreëarjen fan oanslutende greidefûgelplusgebieten, mar ek troch ekstra ynset op de basissoarch. Underdiel dêrfan is it opstellen fan in nije subsydzjeregeling foar de beskerming fan greidefûgelnêsten en piken. Dat bart yn de twadde helte fan 2022 yn gearwurking mei oangeande lânbou- en natuerorganisaasjes. De nije regeling wurdt dan yn 2023 iepensteld.

maaie 3, 2022 10:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. T. Feenstra maaie 6, 19:42

    Wat in mienskipsjildfergriemerij!! Elsenien mei in bytsje sûn “boereferstân kin betinke wat foar grutte skea der oanbrocht wurdt ûnder de greidefûgels, troch it grutte oantal rôfdieren lyk as stienmarters, swarte kraaien, foksen, katten, eksters ensafuorthinne. Dat kinst net oplosse mei sa’n subsydzjeregeling. De bedoeling fan de beidsmakkers sil grif goed wêze mar it liket soms krekt of komme se fan in oare planeet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.