Studinte-ekspo ‘Unyk’ yn De Lawei

maaie 23, 2022 08:31

Fan 1 oant en mei 12 juny presintearret De Lawei yn Drachten de eksposysje Unyk. Yn de útstalling is einwurk fan studinten fan ROC Friese Poort te sjen.

Foto: De Lawei

Skilderwurken, foto’s en kostúms
Studinten fan de opliedingen Fotografy en Mediafoarmjouwer litte byldzjend sjen wat se de ôfrûne jierren leard hawwe. Iona Groenewoud fan de oplieding Fotografy is bygelyks úteinset mei in projekt dat ‘Dieren in een menselijk jasje’ hjit. Se fotografearret ferskate bisten, assessoires en klean út de jierren 1920 o/m 1935. De bisten wurde mei Photoshop yninoar set. Alle wurken jout se in eigen karakter. In baarch wurdt bygelyks assosiearre mei in allesiter, smoarch en ûnbeskaafd. Troch dy ûnderskate (stereotype) skaaimerken hat it bist in eigen persoanlikheid as kok krige.

Nicole Middelkamp fan de oplieding Mediafoarmjouwer hat derfoar keazen om in kostúm te meitsjen, ynspirearre op it mearke Alice in Wonderland. It hiele ferhaal wol se yn ien jurk gearfetsje. Dêr brûkt se de meast útinoar rinnende materialen foar, fan filt oant fearen en knikkerts. Troch op sa’n kreative manier in kostúm te meitsjen, bringt se har passy foar dûns en teater mei keunst byinoar.

Oare kreative opliedingen fan de ôfdieling UntwerpFBRK leverje ek in bydrage oan de eksposysje.

Iepening
Op woansdei 1 juny fan 14.00 oant 20.00 oere is de feestlike iepening. De minsken dy’t ôfstudearre binne, litte dan harren unike stikken sjen.

Besikersynformaasje
De eksposysje Unyk is fan 1 oant en mei 12 juny te besjen. De eksposysjeromte is alle dagen fan 14.00 oant 17.00 oere iepen, mei útsûndering fan de beide pinksterdagen (5 en juny). De útstalling is ek flak foar en nei in foarstelling te besytsjen. De eksposysjeromte is berikber fia de yngong oan it Reidingplein of fia de eigen yngong.

maaie 23, 2022 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.