‘Stroomopwaarts’: op ûntdekkingstocht troch jins eigen doarp en streek

maaie 18, 2022 08:44

Oant en mei 10 july is yn Museum Opsterlân de útstalling Stroomopwaarts te besjen. Oan ’e hân fan prachtige histoaryske kaarten út de kolleksje fan Tresoar wurdt de skiednis fan de gemeente ta libben brocht. Net inkeld troch nei de kaarten te sjen, mar ek troch minsken te stimulearjen om it lânskip as in ûntdekkingsreizger yn te lûken.

Binne de plakken op de iuwenâlde kaarten noch te finen? Hoe sjocht it der no út? Friezen wurde útnûge om in ûntdekkingstocht te meitsjen en om it ferslach, bygelyks yn de foarm fan foto’s, nei it museum te bringen om it ferhaal oan oaren trochfertelle te kinnen.

As foarpriuwke binne by dit berjocht trije âlde kaarten pleatst dy’t ek yn ’e útstalling te sjen binne. Slagget it jo om de hjoeddeiske lokaasje werom te finen?

Ofbylding 1
In hântekene kaart út 1731 fan huzen oan de feart yn Lippenhuzen.

Boarne: Tresoar

Ofbylding 2
Dizze kaart út 1763 jout de situaasje wer fan in stikmannich boerepleatsen yn ’e buert fan De Himrik.

Boarne: Tresoar

Ofbylding 3
Op dizze kaart út 1726 sjocht men in part fan De Gordyk, mar wêr?

Boarne: Tresoar

Foto’s fan de plakken kinne stjoerd wurde nei gorredijkmuseum@gmail.com of nei it museum brocht wurde. De bylden wurde ûnderdiel fan de útstalling en der binne moaie prizen te winnen. Gruttere ferzjes fan de kaarten binne del te heljen op de webside fan Tresoar ûnder de nijsrubryk, ûnderwerp Stroomopwaarts.

Opsterlân (boarne: Tresoar)

Stroomopwaarts is in gearwurking tusken fiif musea yn Súdeast-Fryslân: Museum Belvédère, Museum Dr8888, Museum Hearrenfean, Museum Opsterlân en Nasjonaal Flechtmuseum Noardwâlde. Partners binne Tresoar en Arcadia.

maaie 18, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.