Stipe foar FNP-pleit kontenerfeiligens op polityk kongres Gran Canaria

maaie 15, 2022 20:07

Foto EFA

Alle moasjes fan de FNP op it jierlikse kongres fan de European Free Alliance (EFA) binne oannommen. De Europeeske regionale partijen fan de EFA wiene benammen te sprekken oer de moasje foar mear kontenerfeiligens nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoë boppe de Waadeilannen. De EFA hat fierder FNP’er Frank de Boer keazen yn it bestjoer. Dêr hâldt de FNP streekrjocht ynfloed mei op it belied fan dizze Europeeske politike partij.

Yn de wike dat de EU tradisjoneel de Dei fan Europa op 9 maaie fiert en by de Europeeske gearwurking stilstiet, hat in delegaasje fan de FNP nei de jiergearkomste fan de European Free Alliance (EFA) yn Las Palmas de Gran Canaria west. Yn 1981 wie de FNP ien fan de oprjochters fan de EFA. Yn it Europeeske Parlemint foarmet EFA mei de Grienen de fjirde-grutste fraksje. Troch de Fryske sit yn it EFA-bestjoer wurket de FNP gear mei regionale partijen yn Europa lykas de Plaid Cymru (Wales), de N-VA yn Flaanderen, de SNP yn Skotlân en de SSW yn Sleeswyk-Holstein.

Europeeske stipe
De FNP krige stipe fan de ledegearkomste foar trije moasjes. Sijbe Knol: “Wy hawwe soarch oer de oantaasting fan ús moaie lânskip en wolle dat der in bettere ôfwaging makke wurdt, bygelyks by de oanlis fan nije ynfrastruktuer. It lânskip is tige wichtich foar ús wolwêzen. Fierder freegje wy oandacht foar de feiligens fan it skipfeartferkear by de Waadeilannen lâns, ek nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoë. Dy slút ek hiel moai oan op in moasje fan ús susterpartij út Galicia, dat noch hieltyd de konsekwinsjes ûnderfynt fan de oaljeramp dy’t dêr tweintich jier lyn de kust skansearre hat.”

Wouter Wouda, foarsitter en riedslid fan de FNP: “Wy freegje ek oandacht foar de drege finansjele situaasje fan de gemeenten yn ús lân. Dy driigje finansjeel sa yn ’e knipe te kommen dat se allinne noch mar de taken fan it Ryk útfiere kinne. As riedsleden gjin kar mear meitsje kinne, wurdt de demokrasy yn de gemeenten útholle. De gemeenten yn Fryslân en Grinslân hawwe dêr by it Ryk al in protest oer yntsjinne, en wy krije no ek yn Europa stipe.”

Nij Europeesk bestjoer

Polityk lieder Adam Price fan Plaid Cymru (Wales) mei FNP-foarsitter Wouter Wouda (rj.). Foto EFA

It nije FNP-bestjoerslid fan de EFA, Frank de Boer, folget Olrik Bouma op. De Boer is gjin ûnbekende yn Europa. Hy hat in breed netwurk en hat jierrenlang yn Brussel en Straatsburch de Europeeske taalminderhede-organisaasje FUEN fertsjintwurdige. Hy is ien fan de arsjitekten fan it Minority SafePack Initiative, dat de Europeeske Kommisje twongen hat om serieus te sjen nei de rjochten fan taalminderheden en lytse talen yn de EU.

Frank de Boer: “De wrâld is yn de ôfrûne twa jier tige feroare. Europa sil nije wegen ynslaan moatte en sterker wurde moatte as in mienskip. Dêrby sil de EU goed rekken hâlde moatte mei wat ús ynwenners yn de ferskillende regio’s wolle. Der moat romte foar ferskaat wêze, mar der moat ek mei-inoar wurke wurde oan mienskiplike problemen. Ik bin de leden fan de EFA tige tankber dat ik de kâns krij om dêr yn EFA-ferbân oan te wurkjen.”

Taheakke: FNP_Motions_EFAGA_Las_Palmas_20222

maaie 15, 2022 20:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.