Stikstofprotest: moandei 30 maaie kij út de greide

maaie 29, 2022 08:38

Boeren litte op moandei 30 maaie de kij net yn it lân om dêrmei te protestearjen tsjin it stikstofbelied. As gefolch fan ferskate rjochtsaken driget de ko net mear sûnder ekstra fergunning de greide yn te meien. Praktysk en juridysk kin dat net. Mei de aksje #30MeiKoeUitDeWei roppe LTO Nederlân en Team Agro NL de oerheid op om dy nuvere útkomst fan de stikstofkrisis foar te kommen.

Foto: pixabay.com

“Nederlân sit yn in juridyske sompe, dêr’t we trije jier nei de stikstofútspraak fan de Steatsrie noch hieltyd net út binne. Boeren, boargers en politisy wolle de ko allegear graach yn ’e greide hâlde. It is boppedat better foar de boaiem en de natuer”, seit Sjaak van der Tak, foarsitter LTO Nederlân. “It soe nuver wêze as it stikstofbelied de ko út de greide jaget. Mei ús aksje roppe we de oerheid op om syn wurk goed te dwaan, sadat der nea in fergunningsplicht foar de ko yn ’e greide komt.”

“De ko yn ’e greide heart by Nederlân, 84% fan de melkfeehâlders docht oan greidegong. Dat is alle jierren oars: ôfhinklik fan it waar, hoe goed oft it gers groeit, it ôfwikseljen fan gewaaksen en it ruiljen fan grûn mei oaren. As dit soarte fan rjochtsaken trochgiet en de oerheid net yn ’e bres stiet, dan ferdwynt dat ikoanyske byld. Wy kinne dochs net alle jierren in fergunning oanfreegje, noch los fan it feit dat de fergunningferliening noch hieltyd muorrefêst sit? Op moandei 30 maaie litte we dêrom sjen wat it gefolch fan it stikstofbelied is troch de kij binnendoar te hâlden”, seit Jaap Lodders, foarsitter fan Team Agro NL.

Greidegong better foar de natuer
Sûnt de Steatsrie op 29 maaie 2019 in ein oan it PAS makke, sitte tûzenen boeren yn grutte ûnwissens oer de takomst fan harren bedriuw. Ynvestearringen yn ferduorsuming foelen stil, en juridyske diskusjes oer normale ûnderdielen fan it boerebedriuw, lykas greidegong, soargen foar grutte spanning.

De kommisje Remkes, it ministearje fan LNV en de provinsjes befêstigen twa jier lyn al dat greidzjen fergunningfrij is en bliuwt. Dat wjerhâldt MOB (Mobilisation for the Environment) lykwols net fan ferskate juridyske prosedueres, mei as gefolch bygelyks de útspraak fan de Rjochtbank Oerisel fan in wykmannich lyn: de provinsje mei it beweidzjen net langer samar tastean. De rjochtsaken soargen foar grutte ûnwissens yn de sektor.

30 maaie, kij út de greide
Op moandei 30 maaie, trije jier en ien dei nei de stikstofútspraak, freegje boeren dêrom omtinken foar de nuvere situaasje dy’t kij út de greide driget te ferjeien. De moandei nei it Himelfeartswykein hâlde melkfeehâlders de kij binnendoarren.

Boeren diele op sosjale media mei #30MeiKoeUitDeWei foto’s fan harren greiden mei én sûnder kij. LTO Nederlân en Team Agro NL bondelje de ‘moaiste’ bylden en diele dy mei minister Christianne van der Wal (Natuer en Stikstof), Henk Staghouwer (Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit) en de Twadde Keamer.

Mear witte oer de aksje? Lês fragen en antwurden of sjoch op lto.nl/30meikoeuitdewei.

Lês ek dizze berjochten fan It Nijs:

www.itnijs.frl/2021/05/mienskiplik-foarstel-boere-natuer-en-undernimmersorganisaasjes-om-ut-stikstofympasse-te-kommen
www.itnijs.frl/2020/04/oerisel-hanthavenet-net-tsjin-boeren-dyt-pas-melding-diene
www.itnijs.frl/2019/10/stikstofbelied-en-fertiizjend-taalgebruk
www.itnijs.frl/2015/07/maatregels-om-stikstof-te-beheinen

maaie 29, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.