Steven Sterk set de doarren iepen: trije miljoen boeken te keap

maaie 30, 2022 07:57

Op 3, 4, 5 en 6 juny iepenet ramsjgruthanneler Tialda foar de fjirtjinde kear de doarren fan syn magazyn foar it publyk oan de Hellingbaas 1 op ’e Gordyk. De beurs is útgroeid ta in evenemint dêr’t tûzenen minsken út hiel Nederlân foar nei Fryslân ta komme.

Foto: Steven Sterk

Normaalwei duorret de beurs trije dagen. Mei’t de iepen dagen dit jier op de pinksterdagen falle, is de beurs pinkermoandei ekstra iepen. Bûten stiet in itenswein dêr’t besikers wat te iten en te drinken helje kinne. De foarried ramsj (ôfpriizge nije boeken) bestiet út goed trije miljoen boeken. Alle titels binne skerp priizge, mei koartingen oant tachtich persint op ’e nijpriis. De tagong is fergees en alle keapers krije in ekstra boek kado. Op alle fjouwer dagen binne de iepeningstiden fan 12.00 oant 17.00 oere. Oer in lingte fan oardel kilometer lizze goed 6500 titels te keap.

Steven Sterk is al jierren de grutste ramsjhanneler fan Nederlân en Flaanderen. Hy begûn yn 1989 mei in tydlik winkeltsje yn Snits en letter dat jier mei in boekwinkel en gruthannel yn Utert. Yn 2007 ferhuze de gruthannel nei De Gordyk. Steven Sterk leveret boeken oan warehuzen, musea, de measte boekhannels yn Nederlân en Flaanderen, bol.com, Bookspot en oare ynternetferkeapers.

Yn it gebou fan Tialda | Steven Sterk is ek útjouwerij Bornmeer, Noordboek, HL Books en Sterck & De Vreese. De útjouwerijen etalearje in part fan harren fûns mei de iepen dagen.

Nierstichting
Dit jier is in diske fan de Nierstichting oan it evenemint taheakke. Under lieding fan de 94-jierrige Ruurdtje de Vries fan De Gordyk ferkeapje de minsken fan de Nierstichting dêr breiden sokken, truien en oar guod foar it goede doel.

maaie 30, 2022 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.