Steaten fersmite moasje fan treurnis tsjin deputearre Fokkinga

maaie 26, 2022 20:45

Steatelid Wiebo de Vries fan de ChristenUnie hat in moasje fan treurnis yntsjinne tsjin deputearre Klaas Fokkinga. In soad partijen yn Provinsjale Steaten kamen woansdei mei stevige krityk op de stikstofoanpak fan Fokkinga.

“De deputearre donderet in oanpak oer de skutting om de reaksje ôf te wachtsjen om oanslutend de kommunikaasje wer op te pakken. Jo hawwe net yn ‘e gaten wat soks docht”, seit Wiebo de Vries fan Eaststellingwerf, it iennichste Steatelid dat yn ‘e gemeente Eaststellingwerf wennet.

De Vries (CU) wie der min oer te sprekken dat Fokkinga in útnûging fan de gemeente Eaststellingwerf ôfslein hie, omdat er earst mei Provinsjale Steaten prate woe. “Der is in protte wurk oan de winkel, mar dizze deputearre is de rezjy dúdlik kwyt”, wie De Vries syn konklúzje.

Fokkinga krige it ferwyt dat er troch ûnhandige kommunikaasje foar ‘ûnnedige ûnrêst’ soarge hat yn Eaststellingwerf.

110 boeren útkeapje

De argewaasje draait om in foarstel yn ‘e bylage fan it útfieringsprogramma om 110 boerebedriuwen yn Súdeast-Fryslân út te keapjen, om sa te stikstofútstjit yn de omkriten fan de kwetsbere natuergebieten it Drents-Friese Wold en it Fochtelerfean fierder te beheinen.

“Dat foarstel moat der út, lit dat dúdlik wêze”, sei De Vries. De Steaten wiene ek op skerp set troch in brânbrief fan de koartlyn oprjochte Werkgroep Stichting Ooststellingwerf.

De Vries ‘foel ek fan syn stoel’ doe’t er Fokkinga frege oft er al yn petear wie mei de bou oer it beheinen fan stikstofútstjit. Fokkinga joech oan dat dy petearen noch úteinsette moatte.

Mei syn hâlden en dragen soe er it draachflak ûnder de oplossing fan it stikstofprobleem ûndergrave. Steatelid De Vries mist ‘passy’ by de oanpak fan de deputearre. Fokkinga fynt dat ‘maklik sein.’

Gjin draachflak mear

It wie de lêste oantrún foar de fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie om – foar it earst yn alve jier tiid dat er yn de Steaten sit – in pittige moasje fan treurnis te skriuwen mei de folgjende tekst: “Er is de afgelopen twee jaar weinig gebeurd. De gedeputeerde wacht op het Rijk en toont zelf geen initiatief. De communicatie naar de sectoren is ronduit slecht. De gedeputeerde heeft de afgelopen drie jaar nauwelijks iets geleerd. Daardoor is er geen provinciaal draagvlak meer om te werken aan een oplossing van het stikstofprobleem.”

Steaten kritysk

CDA-fraksjefoarsitter Aebe Aalberts neamde yn in earste reaksje de moasje fan treurnis ‘in brêge te fier’. “Mar ek wy binne kritysk oer de kommunikaasje troch de deputearre.”

Hetty Jansen fan de PvdA fynt de moasje fan treurnis net op syn plak en Klaas Kielstra (VVD) spruts syn betrouwen út yn it plan fan oanpak fan de deputearre Fokkinga.

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol wiisde der yn syn reaksje op dat de stikstofkrisis yn it foarste plak yn Den Haach ûntstien is. “Wiebo de Vries docht net oars as sykjen om in sûndebok. Dat docht wol wat mei de ferhâldingen. Dizze deputearre docht syn stjonkende bêst en jout syn flaters ta. Stel dy dan wat konstruktyf op”, sei Knol tsjin De Vries.

D66’er Danny van der Weijde miste ‘refleksje’ by deputearre Klaas Fokkinga op de makke flaters yn de kommunikaasje en stipet dêrom de moasje fan treurnis. It optreden fan de deputearre ropt neffens ûnôfhinklik steatelid Maarten Goudzwaard wjerstân op by de befolking.

Deputearre Klaas Fokkinga neamde de moasje fan treurnis yn in earste reaksje ‘spitich’. “De kommunikaasje hie absolút better moatten, dat erkenne wy as kolleezje. Ik fyn it dêrom spitich dat dizze reaksje komt.” Deputearre Douwe Hoogland wiisde derop dat ‘wy mei-inoar de problemen yn it gebiet oplosse moatte’. “Wy sille dêr hurd oan wurkje.”

Fokkinga wiisde der ek noch op dat Fryslân de tredde provinsje is mei in eigen útfieringsprogramma stikstof. “It is dus seker net sa dat wy achteroan rinne. It is allinnich misgien yn de kommunikaasje en dat is ek tajûn.”

By de stimming waard de moasje fan treurnis fersmiten mei 15 stimmen foar en 27 stimmen tsjin. It Utfieringsprogramma Stikstof waard oannommen mei in romme mearderheid: 28 stimmen foar en 14 tsjin.

Boarne: Omrop Fryslân

maaie 26, 2022 20:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.