Spoar 8 helpt by it jaan fan it fak Frysk yn it basisûnderwiis

maaie 3, 2022 09:07
Op alle skoallen yn Fryslân wurdt op dit stuit hurd wurke oan de ambysjes fan it Taalplan Frysk 2030. In hiel soad skoallen brûke dêr de metoade Spoar 8 by: in metoade fan de Afûk, dy’t helpt by it jaan fan it fak Frysk yn it basisûnderwiis. Sûnt jannewaris 2022 hat Spoar 8 wer nij én noch mear oanbod foar de groepen 5 oant en mei 8. Boppedat is mei de Temateek yn Spoar 8 en de wurkwize fan de Fak-Taal-Formule de ferbining tusken Frysk en oare fakken troch learkrêften maklik te meitsjen. It oanbod is foar skoallen fan alle profilen en mei alle ambysjes.

Foto: Spoar8/Afûk

De Temateek en taalaktiviteiten yn Spoar 8: materialen en lessen
Yn de Temateek kinne learkrêften Fryske materialen fine dy’t by tema’s dêr’t se oan wurkje passe. De losse materialen foar groep 5 oant en mei 8 – lyaks teksten, ferhalen, flimkes, ferskes, gedichten en spultsjes – binne ferdield yn acht tema’s, dy’t ek wer oanslute by oare fakken op skoalle. Sa kin it Frysk ek oan oare fakken keppele wurde. Bygelyks it lêzen fan in Frysk gedicht oer ierappels as it oer lânbou giet, it sjen fan in Frysk filmke oer it Woudagemaal as it oer stoommasines giet of in Frysk spultsje oer fytsen by ferkear. De materialen binne los yn te setten, mar kinne ek brûkt wurde om eigen lessen gear te stallen.

Taalaktiviteiten binne lessen dy’t passe by in tema út de Temateek. Dy taalaktiviteiten wiene der al foar groep 1 oant en mei 4, mar binne no ek beskikber foar groep 5 oant en mei 8. De lessen binne hielendal útwurke, mei foar de learkrêft in oersjoch fan de doelen dêr’t oan wurke wurdt, in ynskatting fan de tiid, wat der nedich is yn de tarieding, in stap-foar-stap-beskriuwing fan de aktiviteit, tips foar differinsjaasje en tips foar ekstra materialen en keppeling oan oare fakken.

Fak-Taal-Formule: in leechdrompelige oanpak mei heech rendemint
Skoallen wrakselje yn de praktyk noch in soad mei it yntegrearjen fan fak en taal wylst dêr grutte winst te beheljen is. De Fak-Taal-Formule, ûntwikkele troch Cedin, giet werom nei de basis: de klam leit op bewustwurding, doelmjittich wurkjen en boarging. Wichtich by de Fak-Taal-Formule is it stellen fan goede fakdoelen (doelen dy’t te krijen ha mei ynhâld, it tema of it projekt), goede taaldoelen (doelen dy’t te krijen ha mei it oanlearen fan in spesifike taalfeardichheid) en fansels de útfiering. Dêrtroch is meartalich ûnderwiis in leechdrompelige oanpak mei heech rendemint, ynpasber yn eltse les.

Kombinaasje Temateek en Fak-Taal-formule: maklike ferbining fan Fryske taal mei oare fakken
De ferbining tusken de Fak-Taal-Formule en de Temateek fan Spoar 8 kin maklik lein wurde. De Temateek is in boarne oan Frysk materiaal yn alderhande tema’s en de Fak-Taal-Formule is in wurkwize foar learkrêften om taal- en ynhâldsdoelen op oantreklike en bestindige wize oaninoar te keppeljen. Sa kinne learkrêften en learlingen tagelyk oan fakynhâldlike doelen wurkje en kriget it Frysk ek in natuerlik plak yn de klasse.

Mei de nije ûnderdielen yn Spoar 8 hopet it Underwiisteam fan de Afûk dat noch folle mear skoallen makliker de Fryske materialen fleksibel ynsette sille, op in manier dy’t past by de skoalle; sawol binnen as bûten de Fryske les. Ommers, meartalich ûnderwiis is in geweldige stimulâns foar de taalûntwikkeling fan alle bern!

Skoallen dy’t ynteresse hawwe yn de kombinaasje fan Temateek en Fak-Taal-Formule, kinne in yntroduksjeworkshop oanfreegje fia spoar8@aful.frl of a.soepboer@cedin.nl.

maaie 3, 2022 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.