Skoallen krije materiaal foar lessen Frysk tenei kado
Resint ferskynd

Skoallen hoege de lesmaterialen foar it fak Frysk tenei net mear sels te beteljen. Se krije dy kado fan de provinsje Fryslân. Dat hat de provinsje tiisdei buorkundich makke.
Basisskoallen krije fergees in abonnemint op it tydskrift Tsjil en de digitale learmetoade Spoar 8. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije it tydskrift Linkk en de digitale learmetoade Searje 36. De tydskriften wurde makke troch Cedin yn Drachten, de online-learmetoaden troch de Afûk yn Ljouwert. Dy organisaasjes jouwe skoallen ek foarljochting oer de bêste manier om it materiaal yn de les te brûken.
De provinsje wol dat alle skoallen yn Fryslân yn 2030 de wetlike kearndoelen foar it fak Frysk helje. It skinken fan it learmateriaal moat dat foar de skoallen makliker meitsje. De provinsje kriget it jild foar de metoaden fan it Nederlânske ministearje fan Underwiis, dat derta ferplichte is om by te dragen oan it fak Frysk.
Hooplik wurde bern (en âlders) op frijstelde skoallen ek op ‘e hichte stelt hjir fan, en dat se desneeds sûnder learaar thús dwaande kinne. Ek yn Grinslân.
“De provinsje wol dat alle skoallen yn Fryslân yn 2030 de wetlike kearndoelen foar it fak Frysk helje.”
Moatte alle (útsein de eilannen en Westellingwerf) skoallen yn it fuortset ûnderwiis dan ek eksamens oanbiede?