Skilderij ‘Guess who I saw today’ wer te plak

maaie 29, 2022 08:35

It skilderij ‘Guess who I saw today’ fan keunstner Harry Knopperts is nei in protte omswalkingen restaurearre en wurdt op tiisdei 31 maaie oanbean oan wethâlder kultuer Roel de Jong fan gemeente De Fryske Marren. De restauraasje wie nedich om’t it skilderij wiidweidich beskreaun wurdt yn it boek dat keunsthistoarikus Robbert Nachbahr skriuwt oer de fyftichjierrige karriêre fan de byldzjend keunstner. It skilderij is in wichtich ier wurk yn syn oeuvre.

‘Guess who I saw today’ fan Harry Knopperts (boarne: De Fryske Marren)

Omswalkingen
It skilderij is makke yn 1977 en oankocht yn 1982 troch de Rykstsjinst fia de BKR-regeling. Dy regeling waard troch de Nederlânske oerheid yn it libben roppen en foarseach keunstners fan in ynkommen yn ruil foar harren tsjinsten of keunstwurken. It skilderij is yn 1992 oan de gemeente Gaasterlân-Sleat oerdroegen. Dêr hat it skilderij in skoftke hongen, mar nei de gemeentlike fúzje yn 2014 is it skilderij yn ’e opslach gien.

Syktocht
Der moast wol om socht wurde doe’t gemeente De Fryske Marren it fersyk krige. Wethâlder De Jong is dan ek bliid dat it slagge is: “Troch de fúzje yn 2014 binne ferskate wurken nûmere en opslein. Trochj it fersyk fan Nachbahr hawwe wy it keunstwurk wer yn it fizier.” Spitigernôch is it wurk troch de omswalkingen skansearre rekke en moast it restaurearre wurde. Keunsthistoarikus Nachbahr: “Ik skriuw in boek oer it wurk fan byldzjend keunstner Harry Knopperts, dêr’t ek in oeuvrekatalogus yn opnommen wurdt. It skilderij is it kaaistik yn it iere wurk fan Knopperts. Foar myn boek is it fansels wol wichtich dat it wurk yntakt is. Ik bin dan ek bliid dat Knopperts it yn opdracht fan de gemeente restaurearje woe.” It boek wurdt fan ’t hjerst presintearre.

De keunstner
Harry Knopperts wurket ûnderwilens fyftich jier as profesjoneel byldzjend keunstner. De lêste jierren kriget er yn keunsthistoaryske fermiddens hieltyd mear wurdearring (âld-haaddirekteur fan it Ryksmuseum Pref. dr. Henk van Os neamde syn wurk yn 2013 bjusterbaarlik). De musea yn Dimter besitte mei sa’n tritich stiks de grutste museale kolleksje fan syn wurk, mar wurk fan Knopperts is ek opnommen yn de kolleksjes fan it Amsterdam Museum en it Coda yn Apeldoarn en yn withoefolle partikuliere kolleksjes yn Nederlân en it bûtenlân.

maaie 29, 2022 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.