Sirkulêre brêgebetsjinsintrale It Swettehûs offisjeel iepene

maaie 21, 2022 10:25

De bou fan It Swettehûs is klear. Freed 20 maaie iepene deputearre Avine Fokkens-Kelder tegearre mei Biense Dijkstra, direkteur fan Bouwgroep Dijkstra Draisma, de nije brêgebetsjinsintrale yn Ljouwert. Waarfrou Helga van Leur wie deifoarsitter by de feestlike iepening. Ut it sirkulêre Swettehûs wei betsjinnet de provinsje mei de tiid 41 brêgen en 1 slûs op ôfstân. It Swettehûs is ek it nije haadstipepunt fan Provinsjale Wettersteat mei wurkplakken foar meiwurkers (far)weibehear, nautyske saken en de technyske tsjinst.

Iepening It Swettehûs troch Avine Fokkens-Kelder en Biense Dijkstra  (foto Prov. Fryslân)

“It is fantastysk om te sjen dat ús hege sirkulêre ambysjes by dit projekt sels oertroffen binne. Mei-inoar is 45% fan it tapaste materiaal opnij brûkt en is hast 12% biobased. Dêrneist is it gebou enerzjyposityf. Dat betsjut dat it gebou genôch duorsume enerzjy opwekt en opslacht foar it gebou, de betsjinningssintrale, de elektryske auto’s en skippen en de op de sintrale oansletten fytsbrêge Ritsumasyl”, sei deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Bougroep Dijkstra Draisma sette yn novimber 2020 mei de bou fan dit útdaagjende projekt útein. “Wy binne grutsk dat wy yn ’e mande mei de provinsje ús ambysjes wiermeitsje. In projekt as It Swettehûs past by ús bedriuw en ús filosofy. Troch in yntinsive gearwurking by de tarieding en bou hawwe wy yn de praktyk sjen litte kinnen dat wy hiel goed by steat binne om prachtige sirkulêre gebouwen te meitsjen”, neffens Biense Dijkstra fan ce bouwgroep. De wurkwize slút oan op de ambysje fan provinsje Fryslân om yn 2025 de geunstichste ûntwikkelregio fan Nederlân op it gebiet fan sirkulêre ekonomy te wêzen.

Iepening It Swettehûs, flnr Helga van Leur, Biense Dijkstra en Avine Fokkens-Kelder (foto Prov. Fryslân)

Sirkulêre keunststikjes
It Swettehûs bestiet foar hast de helte út opnij brûkte materialen, lykas 100 eardere mearpeallen, stielen damwanden, 500 fjouwerkante meter oan sandwichpanielen dy’t út kuolsellen komme, brûkte flierbalken, binnendoarren en sanitêr. It gebou wurdt ferwaarme en kuolle mei wetterwaarmte fia enerzjydamwanden. Dy helje waarmte en kjeld út de grûn en it oerflaktewetter. It Swettehûs slacht de waarmte fan servers dy’t frijkomt op en brûkt dy waarmte wer. De helte fan de kavel is natuerlik ynrjochte foar wetterberging en bioferskaat.

maaie 21, 2022 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.