Sintrale ferwaarming wurdt ôfskaft

maaie 17, 2022 20:44

Yn 2026 meie der yn Fryslân en de oare Nederlânske provinsjes gjin nije sintrale ferwaarmings mear ynstallearre wurde. It Nederlânske regear hat besletten dat dy fan dat jier ôf ferfongen wurde moatte troch ferwaarmings dy’t net sa min binne foar miljeu, lykas waarmtepompen. Neffens it regear moat Nederlân hurder minderje mei it ferbaarnen fan ierdgas.

Wol tastien is fan 2026 ôf in saneamde hybride ferwaarming. Dat is in kombinaasje fan in waarmtepomp en in sintrale ferwaarming, dy’t sechtich persint minder gas ferbaarnt as de tsjettels fan hjoed de dei.

Neidielen hawwe de besteande waarmtepompen op it stuit al: der heart in grutte kast by dy’t bûtendoar stean moat. Net elk hat dêr romte foar. Boppedat meitsje de waarmtepompen gauris in protte lûd.

maaie 17, 2022 20:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.