Simone Djurrema: Blomkes of ûnkrûd?

maaie 7, 2022 07:05

Kollum

Foto SD

It sil jimme wol hast ferfele dat ik oer it waar en blomkes praat, mar ik kin der net oer ophâlde. Sûnt wy yn Sweden wenje is de maitiid myn favorite tiid fan it jier. Der bart safolle. Al hat it nachts ek fiif graden ferzen, sadree’t de sinne skynt, sjit it kwik omheech en kin it út ’e wyn, yn ’e sinne samar boppe de tweintich graden wurde. Ik haw it faker skreaun, mar hjir krij ik nea myn nocht fan! Dat bart ek wol yn Fryslân, mar net like faak.

As ik dan yn ’e tún oan it wurk bin en de jas út kin, as de kraanfûgels oer ús hinne fleane, yn it lân de ljurken harren heechste liet sjonge, der earne in ûle skriemt (ja, oerdei, der sille ek wol dei-ûlen bestean) en de boumantsjewipsturten werombinne en efkes sjogge wat ik by de ein haw, dan gean ik efkes yn ’e sinne sitten en sjoch ik en harkje ik dernei. De bijen binne ek al wer wekker. Ik kin dan net oars as hiel bliid wurde. Ik bin bang dat ik hjir noch wol faker oer skriuwe sil, dat wen der mar oan!

Bloeiden yn myn foarige kollum de snieklokjes noch en stuts it earste boskanemoantsje syn lytse kopke op, no binne de snieklokjes útbloeid en begûn hjoed de earste kersebeam te bloeien. Oer in pear dagen steane grif alle fruitbeammen yn ’e bloei. Under de beammen steane oeral de anemoantsjes te pronkjen. En as ik ’oeral’ sis, bedoel ik ek echt oeral. Se begjinne ûnder hagen, hieltyd mear yn ’e bosk en yn it gers op te dûken. En ek yn ’e grientetún…

Foto SD

Ik wie fan ’t hjerst mei in “no dig”-tún begûn, ommers sûnder te graven. Dan moat men karton op it gers of onkrûd lizze en der in sintimeter of tsien kompost op smite. It ûnkrûd smoart, de griente skynt dêr skoan yn groeie te kinnen en it karton ferdwynt nei in skoft wol. Ik hie yn it begjin noch net alles op in rychje, dat ik hie it trochinoar helle en ik hie karton, âld ferotte hea en doe ek noch mar kompost deroer hinne smiten. En wat komt der trochhinne? De boskanemoantsjes. Se jouwe werklik nearne om! Wy hawwe noch nea safolle hân, dat ik begin te leauwen dat de lju dy’t hjir foar ús wennen, wat better as wy de boel ûnder kontrôle hiene.

Ik fyn it wol moai, hieltyd mear wite blomkes yn it gers en yn ’e bosk. Der wiene dit jier folle mear boskhyasintsjes en der komme ek mear en mear ferjit-my-netsjes op as oars. De akkeleien stekke ek oeral de kop op. Under de hage hawwe we straks wer in protte geraniums, dy skoffelen se grif ek fuort doe’t wy hjir noch net wennen. Yn Fryslân kocht ik se foar yn ’e tún, mar hjir groeie se yn ’e berms. En dat is noch mar in bytsje fan wat hjir allegearre bloeit en groeit.

Mar wol ik no wol blomkes yn de grientetún hawwe? Dat is in goede fraach. Moat ik mar sa tinke dat alle anemoantsjes dochs wer útbloeid binne wannear’t ik myn spul plantsje mei? Dat is hjir pas ein maaie, begjin juny. Of nimt de wite tekken dan oer in pear jier alles oer?

Doe’t ik spul oan it ferkroadzjen wie om op de paden tusken de griendtebêden tsjin it ûnkrûd te goaien, die it my in bytsje sear yn it hert en knypte ik de eagen hast ticht, doe’t ik de kroade lege. Dêr bedobbe ik wer in pôltsje akkelei… En in plantsje dat op it fûgelwikje liket, mar krekt wat oars is en no al bloeit. De anemoantsjes, dat fûn ik earst ek sa skande. Mar der hawwe we no safolle fan, dêr wie ik op it lêst wol sêd fan, dy skuor ik no gewoan út de grûn op plakken der’t ik se net hawwe wol. It koe my noch wol minder guod wêze as hoannepoaten!

Juster hiene wy besite út Fryslân, in skoalfreondinne fan my mei de man en de jongste dochter. We hiene inoar yn wol tweintich jier net troffen, dat we hiene in protte te bepraten. Se hiene noch wol folle langer bliuwe kinnen! We ieten smörgåstårta (bôletaart, it heart nearne nei, mar it is hearlik! https://www.itnijs.frl/2018/03/temadagen-mei-iten/) en in reebout! Dat waard werklik op priis steld! It gie yn alle gefallen better as ik yn myn kollum fan twa jier lyn beskreau: (https://www.itnijs.frl/2020/09/simone-djurrema-de-friezer-fol-mei-delikatessen/.

Doe’t we bûten in rûnlieding diene, fûnen sy fansels de boskanemoantsjes ek prachtich. Se tochten deroer om in pôltsje nei Fryslân mei te nimmen. Dat soe wol moai stean yn ’e tún. Wy hawwe warskôge hoe hurd oft it gean kin. Oer in pear jier sille we wol sjen oft de blomkes yn Fryslân bedije of net. Miskien helje se de krante nochris mei in wite tekken yn ’e tún!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

maaie 7, 2022 07:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.