Sânstoarmen kleurje Irak oranje

maaie 18, 2022 08:22

Foar de achtste kear yn in moanne tiid is juster in sânstoarm oer Irak lutsen. Opnij kaam dêrtroch in part fan it deistich libben stil te lizzen. Yn in grut part fan it lân sleaten lofthavens, universiteiten en oerheidstsjinsten fan need de doarren. Skoaleksamens binne mei in dei útsteld.

Foto: pixabay.com

De tsjokke stofwolken kleurje de lucht yn Irak oranje. It sân bedekt net allinnich dakken, diken en auto’s, mar krûpt ek de huzen yn. Troch de sânstoarmen binne ûnderwilens tûzenen Irakezen dy’t problemen mei it sykheljen hiene yn sikehuzen bedarre. Alderen en minsken mei groanyske oandwaningen oan de luchtwegen en hertproblemen rinne it grutste risiko.

Klimaatferoaring
Irak hat faker lêst fan sânstoarmen, mar eksperts sizze dat de hjoeddeiske frekwinsje net normaal is. Oarsaken dy’t se neame binne drûchte, flugge woastynfoarming en klimaatferoaring. Drûchte en ekstreme temperatueren drûgje lânbougrûn op. Yn ’e ôfrûne jierren binne der rekôrtemperatueren fan 52 graden Celsius metten. Klimaataktivisten lizze de skuld by it Iraakske regear, dy’t neffens harren gjin prioriteit jaan soe oan it tsjingean fan klimaatferoaring.

It Iraakske regear hat earder sein dat der troch daamprojekten yn Turkije en Iran minder rivierwetter nei Irak streamt. It gefolch is neffens it regear dat de wetterreserves mei fyftich persint ôfnommen binne yn ferliking mei ferline jier. Dêrtroch is de grûn drûger en fetberder foar sânstoarmen.

Feit is dat it yn Irak hieltyd minder reint en dat de wetterfoarsjenning al jierren ôfnimt. Foarige moanne warskôge in amtner fan it ministearje fan Miljeu dat Irak de kommende tweintich jier mei 272 dagen stof yn it jier te krijen ha kin.

maaie 18, 2022 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.