Saakkundigen: ‘Apepokkesykte folslein oars as koroana’

maaie 26, 2022 18:43

De apepokkesykte is selden deadlik en ferspriedt him folle minder fluch as koroana, mar der is wol in protte omtinken foar dy nije goarre. Yn Nederlân binne tolve gefallen bekend. Dat is gjin grut oantal, dochs skowe firologen oan yn praatsjo’s en wurdt in protte oer apepokken praat.

Apepokken (foto: Wikipedia/CDC’s Public Health Image Library – publyk domein)

Dat komt troch de koroana, tinkt sûnensekonoom en epidemiolooch Eline van den Broek-Altenburg. Firologen prate no al oer de needsaak ta ‘yndamjen’. Dy term kenne we fan it begjin fan de koroanapandemy en dat makket minsken ûnnedich benaud. Epidemiolooch Patricia Bruijning neamt it in “koroanapandemytrauma”.

Firolooch Louis Kroes lit witte dat der gjin reden is ta grutte noed oer apepokken. “It is echt in folslein oar ferhaal as koroana. De apepokkegoarre dy’t no yn Europa is, laat komselden ta slimme sykte.” Boppedat ferspraat it firus him net sa gau as koroana. Oars as by Covid-19 is foar oerdracht meastal nau kontakt nedich. Net ien sit lykwols te wachtsjen op noch in goarre dy’t yn de mienskip omgiet. Sa’n grutte útbraak fan apepokken oer in protte lannen bûten Afrika is nea earder sjoen. Dat is opmerklik, seit frou Bruijning.

Frou Van den Broek leit út dat de sykte net tige deadlik is. It relative risiko foar in persoan op ’e dyk is net grut. Dêrom is it te gau en net nedich om safolle oer de apepokken te praten.

maaie 26, 2022 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.