Ronald Giphart op 11 maaie te gast by SLAH

maaie 1, 2022 08:37

By de folgjende jûn fan de SLAH (Stichting Literêre Aktiviteiten Hearrenfean) yn Museum Belvédère is skriuwer Ronald Giphart te gast. Hy komt yn stee fan Oek de Jong, dy’t om persoanlike redenen ôfsein hat. It museum is dy jûns spesjaal iepene. Yn de eastfleugel is dan in nijsgjirrige dûbeleksposysje te sjen fan Isabella Werkhoven en Dianne Bakker, twa hjoeddeiske keunstneressen.

Ronald Giphart (foto: ©Keke Keukelaar)

Ronald Giphart (1965) debutearre yn 1992 mei de roman Ik ook van jou, fuortdaliks in klassiker yn de Nederlânske literatuer. Dêrnei folgen ûnder mear de romans Giph, Phileine zegt sorry, Ik omhels je met duizend armen, Troost, IJsland, Harem en Lieve. Syn novelle Gala, it Boekewikegeskink fan 2003, ferskynde yn in oplage fan 780.000 eksimplaren. Yn 2012 ferskynde de ferhalebondel De wake, dêr’t er hege eagen mei smiet. Foar syn oeuvre krige Giphart yn 2004 de C.C.S. Cronepriis, de twajierlikse literatuerpriis fan de stêd Utert. Syn roman Alle tijd waard rûnom loovjend ûntfongen en ferskate kearen werprinte. Yn juny 2020 publisearre Giphart Wie waarlijk leeft, in leafdefol en iepenlik portret fan syn feministyske mem Wijnie Jabaaij. Yn 2021 ferskynde syn novelle Applaus: liefde in tijden van corona, bedoeld as oade oan de soarch en stipe yn ’e rêch fan lokale boekhannels. Syn lêste roman, Nachtangst, ferskynde yn novimber 2021.

Boekhannel Binnert Overdiep is mei in diske oanwêzich yn it Museumkafee. Wa’t nei de lêzing ta wol, kin him fia dizze link oanmelde.

Datum: woansdei 11 maaie 2022 om 20.00 oere;
Lokaasje: Museum Belvédère, Hearrenfean-Oranjewâld;
Tagong: € 10 (donateurs betelje € 5); allinnich kontant beteljen mooglik;
Seal iepen: 19.30 oere, oanfang 20.00 oere.

maaie 1, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.