Rinbrêge op 29,5 meter hichte boppe it sintrum fan Rotterdam

maaie 7, 2022 08:37

Yn Rotterdam kin ein dizze moanne in kuiertocht fan trije kertier makke wurde op hast tritich meter hichte. De dakketocht giet oer de dakken fan in stikmannich hege gebouwen yn it sintrum fan de stêd.

Boarne: Rotterdamse Dakendagen

Tusken it dak fan it World Trade Center en dat fan de Bijenkorf komt in sechtich meter lange rinbrêge dy’t ûnder mear útsjoch jout op de Coolsingel. De dakketocht wurdt útrôle fan 26 maaie oant en mei 24 juny, berjochtet Rijnmond. De kuier begjint mei it beklimmen fan in trep op it Beursplein dêr’t de kuierder it dak fan it WTC, op 29,5 meter hichte mei berikt. De rinbrêge oer de Coolsingel bringt him op it dak fan de Bijenkorf. Dêr kin er oer it dak fan de parkeargaraazje wer nei ûnderen ta, nei de Aert van Nesstraat.

Foto: Fleur Beerthuis

It idee foar de dakketocht komt fan de Rotterdamske Dakkedagen. Dat is in organisaasje fan kultuermakkers en stêdeboukundigen dy’t sjen litte wol dat dakken “romte biede foar keunst en kultuer, duorsumens, sport, (bio)ferskaat, rekreaasje en noch folle mear.” Deselde klup wie earder ferantwurdlik foar De Trep, in stegerkonstruksje fan 180 treden deunby Rotterdam Sintraal omheech nei it dak fan it Gruthannelsgebou. Dat wie ek in tydlike konstruksje. Yn 2016 luts De Trep mear as 350.000 besikers.

Fan 3 oant en mei 5 juny wurdt it Rotterdamske Dakkedagefestival holden. It publyk kin dêrby meidwaan oan ferskate rintochten yn Rotterdam dy’t mei dakken te krijen hawwe.

Foto: Frank Hanswijk

maaie 7, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.