Reinbôgefiering snein 26 juny yn Dokkum mei tema ‘Bern fan God’

maaie 31, 2022 08:11 Fernijd

De provinsjale Reinbôgefiering sil dit jier op snein 26 juny holden wurde yn de tsjerke fan de Feriene Kristlike Gemeente Dokkum oan de Legewei 14 te Dokkum. De fiering begjint om 15.30 oere.

Janneke Kerkhof en Ulbe Tjallingii sille de tsjinst liede en leden fan de gemeente (menisten en remonstranten) en fan de wurkgroep Heiten & Memmen sille moaie bydragen fersoargje yn wurd en muzyk.

Ynformaasje oer de Reinbôgefiering is te krijen by de sekretaris fan de wurkgroep, Ulbe Tjallingii, op telefoannûmer 06 – 14859557 of info@werkgroep.nl, en op de webside fan de tsjerke: dore-dokkum.nl.
Belangstellenden binne fan herte wolkom. Parkearje kin it bêste op of by râneparkearplak De Helling.

maaie 31, 2022 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.