Rêchsekrûte foar bern oer greidefûgels

maaie 28, 2022 10:44

Fan It Fryske Gea

In primeur foar Sabine Tichelaar mei har bern Jildau en Sywart en dy harren freontsjes Senna en Tjibbe. Mei-inoar mochten dy as earsten de nije rêchsekrûte fan It Fryske Gea rinne. Doe’t se by startpunt it Kweldersintrum oankamen koene se fuortendaliks los. Mei in rêchsek fol mei opdrachten en spesjaal ark giene se Noard-Fryslân Bûtendyks op om dêr fan alles te learen oer greidefûgels en it gebiet sels. De rêchsekrûte waard ûntwikkele troch It Fryske Gea en Pyke Kroes fan it IVN troch finasjele stipe fan Provinsje Fryslân. Fan no ôf kin elkenien dy boeke.

Foto © It Fryske Gea

Greidefûgels op it Noarderleech
Op it Noarderleech fiele in protte greidefûgel har thús. Mei de fiersjogger om ’e nekke en de eagen en earen goed iepen rinne de ûntdekkers troch it practich moaie gebiet. Se sykje om de fjouwer grutste greidefûgels: de skries, de ljip, de strânljip en de tjirk. “De rêchsekrûte is 4 kilometer lang en duorret sa’n 1,5 oant 2 oere. Dat is net te lang en dus in ideale aktiviteit foar bern tusken de 8 en 13 jier”, seit rou tichelaar. “Underweis kamen we fan alles tsjin. Der wie in sjochramt dêr’t de de fiersjogger fûgels goed besjoen wurde kinne. Mei de opdrachte- en sykkaart hawwe de bern in protte oer greidefûgels leard; en iksels trouwens ek.”

Natueredukaasje
No’t der yn ús kontreien hielt minder greidefûgels binne, is it fan grut belang dat dêr wat oan dien wurdt. De greidefûgelpopulaasje moat wer groeie. Dêr sette in protte greidefûgelbeschermers har foar yn. Mei de rêchsekrûte wurdt besocht om in grutter publyk te berikken dat him bewust wurdt fan de situaasje. De provinsje hat yn it ramt fan syn greidefûgelbelied oan it Ynstitút foar Natueredukaasje (IVN) in middel, spesjaal foar húshâldingen mei bern út te wurkjen dat op natueredukaasje oer greidefûgels rjochte is. Bûtendoar mei learsume opdrachten dwaande wêze, dat sprekt oan. Soks kin prachtich yn in natuergebiet fan It Fryske Gea. De trije partijen binne grutsk op it resultaat fan de gearwurking en al hielendal no’t de reaksje fan de earste bern dy’t de rûte rûn hawwe sa posityf is.

Sabine Tichelaar mei Jildau Malda (9 jier, giele jas), Sywart Malda (6 jier, blauwe jas), Senna Jongbloed (9 jier, oranje jas) en Tjibbe de Boer (7 jier, griene jas). Foto © It Fryske Gea

Boartsjendewei de natuer ûntdekke
Jildau, Sywart, Senna en Tjibbe wiene optein en diene fanatyk an de opdrachten mei, fertelt mem Sabine. “Nei ôfrin seine allegearre dat se it noch wolris dwaan woene, mar Tjibbe hie in ôfgriis fan deade fûgels.” Sywart fûn dat no krekt wol nijsgjirrich, mar it moaist fûn er de opdracht oer guozepoep. Mei in lytse loep beseagen se wat de kleur fan de poep wie en wat de goes fretten hie. De oaren hiene geniete fan de opdracht om krekt te dwaan oft in finger in snavel wie en dy dan yn ’e grûn te stekken om te sjen wêr’t dat wol en net slagge… om dêrnei as ljippen de wjirms út de grûn omheech te traapjen. “Wy wisten net dat sompige grûnd sa belangryk is. De bistkes yn de boaiem krûpe dan mear nei it oerflak ta, dêr’t de greidefûgels harren better fine kinne”, seit frou Tichelaar.

Foto © It Fryske Gea

Rêchsekrûte reservearje
De rêchsekrûte is foar yn de wykeinen te boeken op www.itfryskegea.nl/rêchsekrûten. De kosten binne € 2,50 it bern (foar leden fan It Fryske Gea € 2,-). Der kinne maksimaal fjouwer bern oan ien rûte meidwaan.

 

maaie 28, 2022 10:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.