Provinsje wol dat minsken yn it Frysk jild pinne kinne

maaie 28, 2022 19:58
In ‘âlde’ jildautomaat (foto: Wikipedia/Michiel1972 – CC BY-SA 3.0)

As jo memmetaal Baskysk of Katalaansk is, dan hoege jo yn Spanje hast nearne op Spaansktalige teksten te reagearjen as jo jild fan jo rekken helje wolle. De jildautomaten fan de measte Spaanske banken binne meartalich en de erkende regionale talen fan Spanje hearre oer it generaal by de talen dêr’t de pinnende klant út kieze kin.

Mei it Frysk is dat gâns oars. Net allinnich kinne jo yn Rotterdam of Almelo gjin eurobiljetten út de muorre helje fia in Frysk menu, yn Ljouwert of Boalsert kin soks ek net. Dat moat oars, seit deputearre Sietske Poepjes. Hja wol banken oanfiterje om de pinmenu’s op jildautomaten ek yn it Frysk beskikber te stellen.

Trije grutte Nederlânske banken, ING, ABN Amro en de Rabobank, brûke tsjintwurdich mienskiplik de jildautomaten fan Geldmaat. In wurdfierster fan Geldmaat docht yn de Ljouwerter Krante te witten dat it bedriuw wol meiwurkje wol oan Frysktalige pinmenu’s en dat dêr al tariedings foar makke binne. Geldmaat wachtet de fraach fan de provinsje ôf. As it him wurdt mei de Frysktalige pinmenu’s, dan sille wy rûnom yn Nederlân brûkber wêze.

De saak is oanslingere troch FNP-meiwurker Frank de Boer, dy’t him op Twitter fernuvere oer it grutte ferskil tusken Spanje en Nederlân wat de omgong mei de eigen minderheidstalen oanbelanget.

It taalkarmenu fan in Spaanske jildautomaat:

Foto: Frank de Boer
maaie 28, 2022 19:58
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Klaas Aaldert van der Veen maaie 29, 16:20

    At jo neigeane hoe de Spanjaarden tinke oer autonomy foar Baskenlan en Kataloanje, dan is it wol opmerkelik dat de banken wol rekeningsaldo mei it Baskysk en it Katalaansk. Nederlanske banken kinne in foarbyld nimme oan Spanje.

  2. Cor Jousma maaie 30, 12:23

    Dan moat soks yn ‘e tsjip bewarre bliuwe, oars binne Friezen te sleau om hieltiten op ‘e nij foar it Frysk te kiezen.

  3. A.Kramer juny 1, 13:29

    Op guon plakken yn Nederlân kinne by Arriva treinkaartsjes yn it Frysk helle wurde en kin de O.V.-chipkaart yn it Frysk byladen wurde. Ik tink dat dit by de N.S. net kin en yn Jirnsum en op it Fean dus ek net.

  4. sybren juny 2, 09:52

    Dit foniek no ris aardich en bemoedigjend Nijs!

  5. Harrie novimber 11, 12:31

    No noch yn it dageliks libben ek oeral alles twatalich (en oars mar ientalich Frysk).

  6. - novimber 11, 15:09

    deistich libben

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.