Provinsjale finânsjes sober en doelmjittich

maaie 18, 2022 07:59

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân is fan betinken dat it mei de resultaten út it bestjoersakkoart ‘Lok op 1’ op koers leit. Koroana, de ûntwikkelingen oangeande stikstof en de gefolgen fan de oarloch yn Oekraïne litte lykwols harren spoaren nei. De provinsje sil, om de kommende jierren fleksibel op nije kânsen of bedrigings ynspylje te kinnen, nochter en realistysk mei syn finânsjes omgean moatte. Dat kin wolris pynlik wurde.

Neffens deputearre Friso Douwstra tinkt it kolleezje bewuster nei oer syn taken en rol en kiest it foar passende finansjele maatregels, om sa nei de ferkiezings fan 2023 syn opfolgers net foar it blok te setten.
Oer de notysje dêroer dy’t op 17 maaie oan Provinsjale Steaten tastjoerd is: “It jild dat wy as provinsje beskikber hawwe, wolle wy sa effektyf mooglik en breed ynsette. Wy sille yn de takomst mear dwaan moatte mei minder middels, dêr’t besteande ôfspraken by trochgeane.”
Op in begrutting fan € 350 mln. wurdt in struktureel tekoart foarsjoen fan € 2,2 mln. Dêrneist is it needsaak om út besteande ôfspraken wei € 5 mln. struktureel oer te hâlden yn it jier. Dat sil mei yngong fan 2023 betsjutte dat de provinsje kiest foar in soberder ynfolling fan it ûnderhâld fan diken en farwegen en mei yngong fan 2025 de aktiviteiten op it mêd fan taal en kultuer. De finansiering fan de fjirde trein nei Swol sil, sa’t earder ôfpraat is, nei 2024 net mear troch de provinsje betelle wurde.

Ramtnota: ynvestearje yn Fryslân

Yn de Ramtnota 2023 wurdt oan Provinsjale Steaten foarsteld om goed € 36 mln. oan tydlike middels yn te setten. € 25 mln. dêrfan is bedoeld foar kofinansiering om dêrmei € 130 mln. Europeesk jild nei Fryslân te heljen. It kolleezje wol yn de kommende jierren in soad jild yn Agrarysk natuer- en lânskipsbehear (€ 8,2 mln.) en yn it Mienskiplik lânboubelied-Nasjonaal Strategysk Plan (€ 9,8 mln.) stekke. Om de skries te beskermjen wurdt yn de kommende seis jier € 3,7 mln. frege en foar kofinansiering fan oare Europeeske programma’s € 3,45 mln. Neist it ynfieren fan de Wet Open Overheid (WOO) wol de provinsje foars ynsette op digitalisearring (€ 10,4 mln.). Dat is nedich om ek yn de takomst, yn ’e mande mei de partners yn Fryslân opjeften te realisearjen.

De ramtnota 2023, de notysje ZBB en it Strategysk Personielsplan sille op 29 juny 2022 troch Provinsjale Steaten behannele wurde.

maaie 18, 2022 07:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.